Showfanfare DSG bestiet noch mar in healjier en docht no al mei oan NK Mars en Show

Der wurdt drok oefene foar it NK op it fuotbalfjild fan Menaam © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
In protte fanfaren en korpsen hawwe it dreech: harren lede-oantallen rinne werom, wylst der ferlet is fan nije oanwaaks. Yn de gemeente Waadhoeke ha se dêr in oplossing foar fûn: in fúzje fan ferskillende korpsen.
CMH-Menaldum, Concordia Sexbierum en Oranje Minnertsga binne sûnt 1 jannewarris fusearre yn Door Samenwerking Groot (DSG).
Troch de skiednis en de gewoanten fan de trije korpsen wie it wolris puzeljen hoe't de fúzje foarmjaan wurde moast. Mar troch elkenien in stim te jaan, binne se der goed útkaam, neffens foarsitter Louise Knol, "Je dogge it mei elkoar. It moat net sa wêze dat de iene feriening dit docht en de oare twa skowe oan."
DSG docht mei oan it NK Mars en Show
En no, nei in heal jier oefenjen, mei de nije groep dus al meidwaan oan it NK. Op de lêste repetysje foar de grutte dei wurdt alles nochris trochnaam en dan hoopje se dat se der klear foar binne.
Foarsitter Louise Knol spilet ek mei, op de tromboane © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
"We hiene noch wol in pear wiken hawwe wollen", laket Knol. By in taptoe hearde se koartlyn dat se DSG in groep mei lef neamden. "En dat binne wy ek, in groep mei lef en we sjogge wol hoe't it aanst rint op it NK."
Ek al hast no noch gjin problemen, sykje elkoar op en wês der foar elkoar.
Louise Knol, foarsitter DSG
Knol sjocht dizze fúzje ek as oplossing foar oare korpsen om takomstbestindich te wurden. "Ek al hast no noch gjin problemen, sykje elkoar op en wês der foar elkoar."
En at it dan nedich is, kenst elkoar al. "En dan sjogge je no wol hoe't it hjir giet", seit Knol grutsk, "It is gewoan in prachtich projekt, en mei syn allen binne we gewoan super grutsk hoe't it slagge is."
Der wurdt net allinnich mei muzykynstruminten rûn, mar ek mei flaggen © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Oer de kânsen op it NK bestiet noch ûnwissichheid."We sille it ôfwachtsje, we dogge ús uterste bêst."