Fryske PvdA wol gjin besunigings op Doarpswurk, kultuer en natuer yn koälysje-akkoart

PvdA hâldt 'strategysk beried' oer formaasje-situaasje
De formaasje fan it nije provinsjale bestjoer fan BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie stiet ûnder spanning. De Fryske PvdA hat grutte problemen mei it plan om te besunigjen op Doarpswurk, kultuer en natuerûntwikkeling, en hâldt dêrom freedtejûn in 'strategysk beried' oer de situaasje yn teäter De Bres yn Ljouwert.
Earst sil de fraksje oer de stân fan saken prate en oanslutend sille ek in oantal pommeranten oanskowe. It giet om bekende sosjaaldemokraten as âld-boargemaster Roel Sluiter fan Harns, senator Hetty Janssen út Ljouwert, âld-deputearre Jannewietske de Vries en Marijke Roskam fan de PvdA yn Súdwest-Fryslân. It is by de PvdA sa dat de leden úteinlik ynstimme moatte mei it koälysje-akkoart.

Ultimatum

It gefoel by de Fryske PvdA is no dat de plannen dy't no foarlizze net troch de leden akseptearre wurde sille en dan kin de PvdA net meidwaan oan de nije koälysje mei BBB, CDA en ChristenUnie.
De partij oerwaacht dêrom in ultimatum: de besunigings moatte fan tafel en as dat net bart, is de kâns reëel dat de Partij van de Arbeid út de formaasjebesprekkings stapt. BBB, CDA en ChristenUnie moatte dan fierder om har hinne sjen nei in oare partner, want sûnder de Partij van de Arbeid hawwe se gjin mearderheid yn de steaten.

Alternativen

As de PvdA opstapt, mar dat is noch ôfwachtsjen, hat de BBB it rjocht om as grutste partij op syk te gean nei in alternative koälysjepartner. Dat soe de Frysk Nasjonale Partij wêze kinne. Dêr wurdt it net folle makliker fan, want de FNP sil wat werom freegje foar harren stipe oan it kolleezje en de FNP stiet tichter by de PvdA as by de BBB as it giet om ûnderwerpen as grondgebonden lânbou en besunigings op kultuer. In oare mooglikheid is fansels de VVD.
Deputearre Avine Fokkens wie yn earste ynstânsje teloarsteld dat se út it kolleezje foel, mar nimt fansels wol de nedige bestjoerlike ûnderfining mei. De VVD lit wite dat sy iepen stean foar petearen as der in berop op harren dien wurdt, mar ek hjir lizze wol wat programmatyske ferskillen. De VVD is, om in foarbyld te neamen, in stik entûsjaster oer de Lelylijn as de BoerBurgerBeweging.