Sweve troch de loft: La Spire is in poëtysk hichtepunt op Oerol

Rhizome op Oerol © Nichon Glerum
It liket oft it harren gjin inkelde muoite kostet: de fiif froulju fan Rhizome bewege yn in ferstilling omheech. Meters de loft yn op it Griene Strân fan Skylge.
Somtiden hingjend oan ien hân en dan soepel draaiend en glimkjend nei it publyk. Dan sêft oerinoarhinne, balansearjend op de búk. It publyk sjocht fol ferwûndering en yn deadske stilte omheech.
Sweve troch de loft: in poëtysk hichtepunt op Oerol
La Spire is ien fan de highlights op Oerol. Foar de froulju sels is dit de moaiste lokaasje dêr't se ea spile hawwe, fertelt Océane Pelpel. Sa heech yn de loft mei oan alle kanten útsicht oer de see en de dunen kinne se hielendal opgean yn de omjouwing en sa folsein yn it momint komme.
Just ek troch eachkontakt mei it publyk te meitsjen komt se yn de goeie mindset. Yn dysels oanwêzich wêze en tagelyk ferbining mei dat wat om je hinne is.
La Spire sweeft boppe it Oerolpublyk © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
De froulju fertrouwe inoar folslein en it is geweldich om dit mei-inoar te dwaan, fertelt Océane Pelpel. Se hawwe hiel lang oefene en der is in protokol, wêryn't folslein útwurke is wat sy yn bepaalde omstannichheden dogge.

Prekêre foarstelling

As it te hurd waait, giet it net troch. As ien fan de froulju har net foar 100 persint fertrouwt, klimt se net omheech. Want bang wêze, dat is gjin opsje.
Se brûke gjin brute krêft, nee, earder sa min mooglik krêft. Har gewicht en azem bringt se omheech. It is fantastysk boppe-yn. Dat Océane dit no kin, jout har ek moed yn it deistich libben.
La Spire op it Griene Strân © Omrop Fryslân, Miranda Werkman
It lit sjen hoe't je mei-inoar gearwurkje kinne, hoe't je foarinoar soargje kinne. Sterk wêze sûnder grutte spierballen. Sterk yn sêftens, seit Océane. De besikers binne ûnder de yndruk. De ien sjocht der wat erotysk yn, de oar fynt it boartlik en wer in oar sjocht benammen it inoar finen yn de foarstelling.
© -
Ien fan de besikers is fysioterapeut en kin der mar net oer út hoe't dit mooglik is. Sa lang hingje en dan net trilje.
Hy hat oars net dien as foto's meitsje, want elts byld wie prachtich. Hy en de frou dêr't er mei is kinne der mar net oer út. "Een 10", seit de man. "Een elf!", seit de frou. En dat is noch mar harren earste foarstelling.