Judoka Tsjakadoea bekroant rentree mei brûns op Grand Slam yn Kazachstan

Tornike Tsjakadoea (argyf) © Orange Pictures
Tornike Tsjakadoea hat in brûnzen medalje wûn by de Grand Slam fan Astana yn Kazachstan. It wie foar it earst sûnt maart dat Tsjakadoea wer yn aksje kaam. Hy hie te krijen mei in hamstringblessure. Dêrtroch miste er yn maaie it WK.
Tsjakadoea, dy't útkomt yn de klasse ûnder de 60 kilogram, wûn syn groep mei oerwinningen op Kanan Ismayilov en Ayub Bliev. Yn de heale finale wie de Frânsman Cedric Revol lykwols te sterk. Yn de striid om it brûns wie Tsjakadoea de Rus Gamzat Zairbekov wol de baas.
It is foar de fjirde kear yn de karriêre fan de Fryske judoka dat er brûns wint op in Grand Slam. Earder die er dat twa kear yn Düsseldorf (2019 en 2020) en yn Jekaterinenburg (2019).