LTO pleitet foar opheffen ophokplicht: "It lêste fûgelgrypgefal wie moannen lyn"

Lânbou-organisaasje LTO wol dat de ophokplicht foar hinnen opheft wurdt. De bisten sitte al in hiel skoft binnen om't it ministearje fan Lânbou, Natuer en Itensfeiligens de kâns op besmetting mei fûgelgryp te grut achtet.
LTO tinkt dêr oars oer. "We hienen it lêste gefal by in kommersjele hinnehâlder yn jannewaris, yn febrewaris hat der noch in gefal by in hobbyhâlder west. Ofrûne jier hienen we yn juny noch útbraken en letter yn dyselde moanne mochten de bisten yn guon regio's alwer los", seit Piet Faber fan LTO.
'Firus hat in hekel oan sinne'
Neffens Faber is it net sa dat LTO gjin noed mear hat oer de fûgelgryp. "Mar de sinne baarnt der op it stuit op los. Dêr hat it firus in hekel oan. En as it lêste gefal moannen lyn is, soenen dy hinnen bêst ris nei bûten kinne."
Foar hinnehâlders hat de ophokplicht neidielige gefolgen. Aaien meie nammentlik allinnich as frijeútrinaaien ferkocht wurde as hinnen in oantal oeren deis bûten binne. "As in hanneler dat net leverje kin, dan is it lestich de ôfset goed te hâlden", seit Faber.
Seker om't de hinnen yn it bûtenlân faak wol nei bûten meie. "Sa ûntstiet der in skeef byld op de merk. As se yn it bûtenlân sizze: 'it kin wol' en yn Nederlân sizze se: 'it kin net', wêr hawwe je it dan oer?"