Hoe sûn is in Alvestêdetriatlon? "Ik heb weken als een zombie rondgelopen"

© Omrop Fryslân
Lit it efkes besinke: achter inoar 200 kilometer swimme, 200 kilometer fytse en 200 km drave. It is fan snein ôf de misje fan Maarten van der Weijden, de Alvestêdetriatlon. Ljouwerter Stefan van der Pal die it ferline jier. Is dat sûn?
"Nee, dat moet je niet willen", seit longdokter Wouter van Geffen fan it MCL yn Ljouwert. En hy kin it witte. Ferline jier makke Van Geffen diel út fan it begeliedingsteam fan triatleet Stefan van der Pal, doe't dy him as earste sportman ea oan de Alvestêdetriatlon weage. Nei acht dagen, 103,5 oeren, berikte de 42-jierrige triatleet út Ljouwert de finish. Van der Pals eigen reaksje: "Het gaat wel goed."

Tigers

Ekstreme wurgens, waantinkbylden, maachkrampen, spierspasmen, hallusinaasjes, it binne samar in pear fan de sykteferskynsels dy't yn in ultratocht as de Alvestêdetriatlon foarkomme kinne.
Sels mei de wittenskip dat oan de tocht in trainingstrajekt fan moannen foarôfgien is en dat ûnder de tocht in wiidweidich paramedysk team in eachje yn it syl hâldt, stiet fêst dat de sporter yn de misje op fysike en mentale grinzen stjit.
Al it goede komt yn trijen
"Er komen tijgers op me af. Ik zie ze komen en gaan", seit Stefan van der Pal op in gegeven momint tsjin syn begelieders. No, in jier letter, kin hy him it momint noch sa foar de geast helje. Hy wie op dat stuit trije of fjouwer dagen ûnderweis, dagen mei sa no en dan in oerke sliep. "Je gaat dingen zien, hallucineren."

Maachblieding

Al dy tsjinslaggen en besikingen sil Maarten van der Weijden de kommende dagen ek tsjinkomme. Hy kaam de man mei de hammer begjin febrewaris tsjin. Doe moast Van der Weijden mei in maachblieding opnaam wurde yn it sikehûs. In direkte oarsaak is noch net fûn. Hy koe de training rap wer oppakke en seit der gjin lest mear fan te hawwen.
Stefan van der Pal mei syn begeliedend dokter Wouter van Geffen. © Omrop Fryslân
De taak fan in begeliedingsteam is twaliddich, sa sizze Van Geffen en Van der Pal syn frou Marianne. Oan de iene kant moatte sy de sporter oppeppe, him motivearje troch te setten op mominten dat de wanhoop taslacht.

Bikkelhurd

Nóch wichtiger is it lykwols dat sy de grins fan it minsklike yn it each hâlde, om de sporter tsjin himsels yn beskerming te nimmen en 'stop' doarre te sizzen op it punt dat de sûnens yn it gefaar komt.
Stefan van der Pal sammele mei syn tocht jild yn foar it goede doel, Stichting Semmy. De stichting stipet ûndersyk nei harsenstamkanker by bern. Yn jannewaris oerlange Stefan in sjek fan 96.000 euro oan oprjochter John Emmerik fan Stichting Semmy.
Van der Pal hellet him in krúsjaal momint te binnen ûnder it swimmen. "Ik zag het even niet meer zitten. Ik zat aan de kant en het wilde even niet meer. Toen heb ik mijn vrouw gebeld. Ze vroeg wat er aan de hand was. Ik zei dat ik er niet zoveel zin meer in had om door te gaan."
Syn frou Marianne reagearre nochter en ûnferbidlik. "Ze zei: we hebben met alles rekening gehouden behalve met dit. Eten en dan hup het water weer in. Dat zetje had ik toen wel nodig."
Marianne, de frou fan Stefan van der Pal © Omrop Fryslân
Meardere kearen hat Van der Pal in swiere ynsinking, ûnder it swimmen en it hurddraven. Yn Starum wurdt hy ûnder it swimmen befongen troch de kjeld en krijt hy hallusinaasjes. Yn Balk wurdt hy sawat ûnderkuolle út it iiskâlde wetter fan de Luts helle en ûnder de waarme dûs set.

Frikandel spesjaal

Hoewol't er fegetariër is, freget er om in frikandel spesjaal en in kroket, dy't der nei in pear happen ek lyk wer útkomme. Flak foar Ljouwert rekket er frustrearre as bliken docht dat hy noch in kilometer moat, wylst er tocht der al te wêzen.
Van der Pal nei syn swimtocht © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Hiele passaazjes fan de ûnderdielen dy't dêrnei folgje, it fytsen en draven, belibbet Van der Pal yn in waas. De waarmte - it wie inkelde dagen boppe de 30 graden - makket it ekstra swier. "Dan is het zaak genoeg te blijven drinken en zout binnen te houden", seit begeliedingsarts Van Geffen.

Strompeljend oer de einstreek

Mar ek it drinken fan liters wetter kin net foarkomme dat it lichem úteinlik protestearret, ûnderfynt Van der Pal. "Ik wilde rennen, maar het lukte niet. Mijn ene been kwam niet meer voorbij het andere."
Stefan van der Pal werom by it finishplak fan syn swimtocht © Omrop Fryslân
Van der Pal berikt de finish, mar freegje net hoe. Strompeljend leit er de lêste meters ôf. Folslein útput wurdt er yn in stoel set. Yn it begeliedingsteam hearsket benammen ferlichting.

"Als een zombie"

"It hat in pear kear spannend west, om't hy net mear fit eage. Hy hallusinearre en koe gjin iten binnen hâlde. Dan fregest dy al ôf: hoe komt dit?", seit Jort van Zutphen, ien fan de oare begelieders. Longdokter Van Geffen: "Ik was echt blij toen hij daar zat. Dat hij veilig binnen was en zo goed oogde, dan valt veel spanning weg."
In jier letter eaget Van der Pal wer topfit. De foldwaning dat hy de Alvestêdetriatlon folbrocht hat, is grut. Tagelyk lit hy der gjin misferstân oer bestean dat de priis heech is.
"Ik heb wekenlang als een zombie geleefd. Het heeft lang geduurd voordat mijn lichaam zelfs maar een beetje begon te herstellen. Mijn hoofd wilde niet meer. Pas na maanden kreeg ik weer zin om te sporten. Ik ben van plan in de herfst mee te doen aan de 100 kilometer bij het NK trailrunnen."
It ekstra programma oer de tocht fan Stefan van der Pal wurdt freed 16 juny om 17.20 oere ek útstjoerd op telefyzje en de rest fan de dei alle oeren werhelle.