Trainer Nyck de Vries: "Tsjinslach makket sterker"

It trainen mei Pyry Salmela draacht fruchten ôf © Instagram Nyck de Vries
Om Formule 1 te riden moatte je topfit wêze. Hoe swier it is, ûnderfûn Nyck de Vries by syn debút yn Monza. Hy koe nei ôfrin net selsstannich de auto út komme. Dêrom hat er dit seizoen help fan trainer Pyry Salmela.
Nyck de Vries is mei syn 1,67 meter lyts fan stik, mar hat wol enoarme spierballen en in blokjesbúk. Mei tank oan syn Finske trainer.
"Ik ben altijd wel bezig geweest met trainen, maar er miste een routine. Mijn samenwerking met Pyry heeft gigantisch veel veranderd. In de Formule 1 is het niet gewoon belangrijk om fysiek sterk te zijn, het is cruciaal", seit De Vries yn de podcast TauriTalk fan AlphaTauri.
Salmela wurket sûnt 2014 yn de Formule 1. De iishockeyer wie oant ferline seizoen coach fan Pierre Gasly en wurke dêrfoar by Red Bull Racing gear mei Daniil Kvyat. Tiid foar in earste kennismakking mei de trainer dy't yn in racewykein it skaad foarmet fan De Vries.

Wat hâldt dyn baan eins yn?

"Yn it koart is in performancecoach om samar te sizzen de projektmanager fan de minsklike prestaasje fan in koereur, sûnder him mei it autoriden te bemuoien. Wy planne en soargje derfoar dat de útfiering goed dien wurdt. Mar it is gjin 'one-man-show'. Ik haw in hiel netwurk dat my helpt mei dy planning en útfiering. Dêrneist helpe en stypje we de koereur mei saken lykas logistyk en planning."
Om sa min mooglik lêst te hawwen fan in jetlag wurdt der by oankomst yn Kanada lyk traind © Instagram Nyck de Vries

Wêrom moatte koereurs sa hurd traine om oer in sirkwy te riden. Is allinnich talint net genôch?

"Autorace, en yn ús gefal Formule 1, is in bysûndere sport om't de taskôgers de koereurs net echt sjen kinne wylst se ride. Je sjogge net hoe fysyk it is, omdat de auto it lichem bedekt en de helm it sicht op de holle en it gesicht fuortnimt. Mar it bestjoeren fan in F 1-auto op sirkwys as Barcelona of Jeddah is folle fysiker as minsken har nei alle gedachten foarstelle kinne."
"Dêrnjonken freget it wêzen fan in Formule 1-koereur hiel wat: 23 races is mar in diel fan de enoarme ynset dy't frege wurdt. It hiele seizoen op topnivo prestearje - op en neist de baan - fereasket in serieuze lichemsfearkrêft."
"Ek is dizze sport net mei in oare tak te fergelykjen. Nim de maraton: dêr fjochtsje de sterkste hurdrinners nei alle gedachten foar de oerwinning. Yn de Formule 1 is dat net it gefal. It is in unike sport en dat jildt ek foar de easken."

Moat De Vries ek in spesjaal dieet folgje?

"Nyck is net in drege klant om't er al in hiel goede basis hie foar syn ytgewoanten. Foar my wie it dus benammen in kwestje fan ferfining. Dêrneist hawwe wy wol in soarchfâldich berekkene itensplan foar it racewykein."
"Dat wurdt makke yn gearwurking mei ús fiedingssaakkundige fan it Red Bull Athletic Performance Center. Mar ik moat earlik wêze, ik hoegde amper iten op de swarte list te setten, om't er al selsbewust is fan wat goed en wat 'min' iten is."
Salmela is der net allinnich foar it fysike diel mar is der ek foar mentale stipe © Red Bull Content Pool

Wy kenne Nyck as ien is dy't tige beret en profesjoneel is. Mar sels hy klage hoe wreed ast wiest by it trainingskamp yn Dubai begjin dit jier. Is dat foar dy ek in manier om de koereurs mentaal te trainen?

"Ik stel hege easken, omdat ik leau dat ús aksjes ús bestimming bepale. By myn coaching besykje ik in sfear te kreëarjen dy't in kombinaasje is fan grutte útdaging, mar ek likefolle stipe jout. It oerwinnen fan útdagings liedt ta groei en fearkrêft en kreëarret tagelyk stipe, feilichheid en ienriedigens. "
"Dat binne wichtige eleminten by it 'klimme nei de top fan ús yndividuele berch'. Dy klim is hast noait lineêr en dêr hast moed en fearkrêft foar nedich. Mar tsjinslach makket minsken sterker. En weromkommend op dyn oarspronklike fraach, ja troch hurd te wêzen, train ik myn atleten ek mentaal."
It oerwinnen fan útdagingen liedt ta groei en fearkrêft.
Pyry Salmela, trainer fan Nyck de Vries

Hoe is dyn relaasje mei Nyck?

"Dy is hiel earlik en basearre op fertrouwen en respekt. Sa soene alle partnerskippen wêze moatte; oft it no giet om wurk of in persoanlike relaasje. Oant no ta genietsje ik bot fan it wurk mei Nyck: hy is in tige coachbere atleet. Dêrneist hawwe wy ûnder it iten faak hiel nijsgjirrige diskusjes oer it libben, dêr't ik echt fan genietsje."

F1-koereurs moatte in soad reizgje. Dit wykein wurdt der racet yn Kanada. Wat dochsto om in jetlag by Nyck foar te kommen?

"Ik wit net seker oft je it folslein foarkomme kinne, mar je kinne wol je bioritme wat ferskowe. Nei myn ûnderfining binne de wichtichste faktoaren: sliepe, bleatstelling oan ljocht op de goede mominten, timing fan mielen en genôch lichemsbeweging."

As syn 'personal trainer' stean je ticht by de koereur. Bisto der ek om him te treastgjen of op te fleurjen as it dreech is?

"Ik tink dat it wichtich is om te ûnthâlden dat der safolle minsken belutsenen binne dy't ynfloed hawwe op it einresultaat. De koereur is net de iennige ferantwurdlike. We winne en ferlieze mei-inoar as in team en we sille der alles oan dwaan om elkoar te helpen."
Nyck de Vries komt yn Kanada troch it tiidsferskil pas jûns yn aksje.
Freed: 19.30-20.30 oere: Earste frije training. 23.00-00.00 oere: Twadde frije training
Sneon: 18.30-19.30 oere: Tredde frije training. 22.00-23.00 oere: Kwalifikaasje
Snein: 20.00 oere: Race