Mear betrouwen en minder regels, dat is it advys fan de Nationale Dorpentop yn Warten

Ien fan de oerlistafels op de Nationale Dorpentop © Omrop Fryslân
'As der in Minister fan Regiosaken komt, wat soe dy dan dwaan moatte?' Dat wie de fraach op de Nationale Dorpentop yn Warten. Undernimmers en beliedsmakkers tochten nei oer oplossingen fan problemen yn de provinsje.
"Het kabinet neemt de zorgen van de burger in de provincie serieus. Zo serieus dat het nu zelfs een investering in een bushokje overweegt. Het bushokje moet in 'de regio' gaan komen. Mocht het project een succes blijken, dan zou in de toekomst zelfs een bankje mogelijk kunnen zijn in de provincie."
Dit berjocht sit yn in 'nijsbulletin' dat minsken fan de satiryske side De Speld as ôfsluter opfiere. It is in lyts part fan in foarstelling fan in healoere, mar lit op in oerdreaune wize pynlik sjen hoe't de belangen foar de 'regio' yn de eagen fan in soad minsken wolris minder wichtich fûn wurde.
De minsken op de Nationale Dorpentop © Omrop Fryslân
Om de belangen fan de regio better te fertsjinwurdigen yn it kabinet, soe der in Minister van Regiozaken komme moatte. Dat is it idee fan de Regiobank, dy't de gearkomste organisearret.
"Wat je in Den Haag al ziet is dat het besef is toegenomen dat ze naar de regio toe moeten", seit bankdirekteur Rein Wispelweij, "Ze kunnen concreet laten zien dat ze het echt belangrijk vinden, door zo'n Minister in te voeren."
Wat oerheasket op de dei is de drang nei minder regeljouwing en it mear útgean fan betrouwen yn de mienskip: "Ga niet de regio vertellen wat ze moet doen, maar kom eerst luisteren. De regio heeft een hoop dingen al opgelost", seit Wispelweij.

De Fryske Paradox

Eltsenien dy't oanwêzich is, slút har oan by in diskusjetafel. Dêr wurde ferskate ûnderwerpen bepraat. Sa hat Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân it oer de 'Fryske Paradox': Yn Fryske doarpen wolle minsken har graach feriene, mar ferienings hawwe it dreech.
Direkteur-bestjoerder Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân © Omrop Fryslân
"Wat dêryn opfalt is dat der in hiel soad enerzjy is foar it organisearjen fan koarte projekten", seit De Vries. "Tink oan bygelyks in mud-run. Utfiere en dan is it wer klear. Dat is wat oars as in jier lang ponghâlder wêze. Of in jier lang leider fan in team. Wy moatte dus in soad fleksibilisearje yn it sport- en ferieningsoanbod. Dan kinne we de minsken der wer by belûke."
Oan de tafel sjogge se graach dat ferieningen jongeren de kâns jouwe. En dan net as jongerenkommisje. Ek hoopje se dat it organisearjen fan eveneminten makliker wurdt: "Ast mei in inisjatyf komst, is der in soad wet- en regeljouwing dy't yn it paad sit. Dêr moatte wy fan ôf. Inisjativen hawwe soerstof nedich. Dit ferlammet inisjativen."
Bouwe de Boer, projektlieder fan de Freonen fan Fossylfrij Fryslân © Omrop Fryslân

Fuort mei oanbestedings

Dat inisjativen fan de mienskip út mear romte krije moatte, fine se ek oan de tafel oer mobiliteit. Sa seit Bouwe de Boer fan Freonen Fan Fossylfrij Fryslân dat de oanbestedingen foar it iepenber ferfier fuort moatte: "It giet altyd oer in perioade fan tsien jier. Dat betsjut dus dat je tsien jier fêstsitte oan itselde systeem, wylst de wrâld har hiel rap ûntwikkelt. Wy wolle rapper hannelje kinne om nije dingen yn te fieren. Tsien jier wachtsje is dan skande."
Op dit stuit is de provinsje dwaande mei in nije oanbesteding. De Boer wol graach dat der dan ek wiidweidich praat wurdt mei de gebrûkers fan it iepenber ferfier: "Gelokkich hawwe wy dy petearen al mei de deputearre hân. Der komt in plakje foar soksoart saken yn de oanbesteding. It is in oprop oan de ferfiersbedriuwen: Kom op mei de foarstellen! Dêr krije jim punten foar."
It soe neffens De Boer as foarbyld tsjinje kinne foar de Minister fan Regiosaken: "Dy minister is der noch net. Dat soe op sich wol in goeie saak wêze. De oanbesteding is der no wol. Dan moatte wy dit al gewoan dwaan."