It nije festivalhert fan Oerol barst fan de muzyk: "Wer it echte Oerol-gefoel"

Nije festivalhert De Deining op Oerol 2023 © Jelte Keur
It hat wer wat mear it Oerol-gefoel, sa beskriuwt ien fan de besikers it nije festivalhert. Oerol is op syk nei in nij fêst plak en experimintearret no by West aan Zee.
"Ik haw de muzyk hiel bot mist en dat is der no wer folop", sa fertelt in oare besiker. Se stiet te praten mei in kollega dy't se by tafal treft hjir op it parkearplak krekt foar de strânoergong nei it nije festivalterrein. "We hawwe krekt Boaz sjoen, wat in topper. We hawwe echt genoaten."
It nije festivalheart Oerol barst fan de muzyk: wer it echte Oerol-gefoel
Foar it oare part fan it festivalterrein moatte je in stikje it strân op rinne. Hjir stiet in lytser poadium dêr't ek optredens binne. Dêr binne hingmatten en in sangriabar en steane minsken mei de fuotten yn it sân te dûnsjen.
Westerkeyn wie jierren it fertroude hert fan it festival, mar dêr sil no op boud wurde en dus is dat plak is net mear beskikber. Oerol is al jierren dwaande mei in syktocht nei in nij plak. Foarich jier wienen der ferskate plakken: it Bostheater by Formearum, Om Oost by Oost, de Betonning yn West en in tinte mei muzyk by Westerkeyen.
"Het is 10 keer beter dan het was", seit in besiker út Amsterdam. "Bij De Betonning moest men altijd eerder ophouden, nu kunnen we tot laat dansen. Eerst misten we het Groene Strand, maar nu hebben we dit ervoor terug. Het is nog mooier: dansen met uitzicht op de zee."
© -