Fryske rappionier Harm van der Meer: "Myn hiphop mei heard wurde"

Foar safier bekend is Harm van der Meer de earste rapper mei Fryske nûmers. Mei 'Myn doarp', dat giet oer syn wenplak Burgum, as útsjitter. "It Frysk flowt lekker."
It wie 1996 doe't Harm van der Meer by in doarpsfeest syn selsskreaune Fryske teksten yn de mikrofoan rapte. It publyk reagearre entûsjast. Dat wie in moaie oanmoediging foar de Burgumer, dy't it net by dit optreden litte soe.

Net imitearje

Foar dizze tiid skreau Van der Meer noch yn it Ingelsk. "'Dan kin ik wrâldferneamd wurde', tinkst dan noch. Mar it is foar my dúdlik wurden dat ik as Fries yn myn eigen taal it bêste út de farve kom", seit er.
"As je it yn in oare taal dogge, klinkt it dochs as binne je oan it imitearjen. As ik mei in Amsterdamsk aksint besykje te rappen, dan komt dat fansels net oer", mient er. "Of sjoch nei Beand Baas en Smarrige Skep, út Drachten. Dy hawwe ek Fryske nûmers rapt. Dat wie hartstikke goed. Mar harren Nederlânske nûmers binne dochs echt minder."

Fryske flow

Skriuwen yn it Frysk fynt er lykwols bêst lestich. It is ek net foar neat dat Van der Meer net folle nûmers yn syn memmetaal útbrocht. "De latte leit heech by my. Ik bin myn eigen grutste kritikus. En de tekst is by rap it alderbelangrykste." Hy fynt dat it Frysk him goed lient om te rappen. "It flowt sa lekker. Krekt as it Ingelsk."
It moat allegear net te swier op de hân wurde. Ik wol it los, luchtich en humorfol.
Rapper Harm van der Meer
De teksten gean oer saken dy't ticht by de belibbingswrâld stean fan Van der Meer; fan syn eigen wenplak oant it kweken fan himp. Faak binne de nûmers foarsjoen mei in knypeach, want hy lit de humor graach mei it boadskip ferfrisselje. "Want it moat allegear net te swier op de hân wurde. Ik wol it los, luchtich en humorfol."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandei oant en mei tongersdei 1-op-1-petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, beharkje it as podcast of besjoch it op YouTube.
Op freed is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûn op telefyzje te sjen.
Foardat Van der Meer de pinne en mikrofoan oppakte, gie er nei de lts. Ynteresse yn muzyk hie er al, mar dêr koest net fan bestean waard him sein. Nei't er betiid ophâlden wie mei elektrotechnyk ("Ik wie hielendal net technysk"), die er de oplieding detailhannel, om dêrnei yn de supermerk te wurkjen.
Mar de muzyk liet him noait los. "Ik learde drummen, gitaarspyljen en in bytsje bas. Doe't ik nûmers meitsje soe, koe ik bygelyks myn eigen drumpartij deryn ferwurkje. En as it nedich is, letter mei in syntetyske drum fersterkje." Dêrnei folgje de melody en de teksten. "De muzyk is begeliedend yn de rap. It giet foaral om wat der sein wurdt."

Osdorp Posse

Van der Meer is foar safier bekend de earste Frysktalige rapper. Hy rekke ûnder mear ynspirearre troch oare pioniers: Osdorp Posse, de bekende rapformaasje út Amsterdam. Van der Meer besocht geregeld harren konserten, en stie sels nochris yn harren foarprogramma.
"Se treden op yn Burgum en ik wie dêr fierder de iennige rapper. Dus mocht ik foar harren optreden it poadium op. Dat wie geweldich", seit er. "Dêrnei ha we noch mei-inoar praat en smookt. It wiene hiel tagonklike jonges."
Op it mêd fan Frysktalige muzyk ha ik aardich wat delset.
Harm van der Meer
Op dit stuit is de rapper dwaande mei in ep, wêrfan't de measte nûmers klear binne. De promoasje dêrfan moat noch wat op gong komme, erkent Van der Meer.
"Miskien ha ik dêr altyd wat te passyf yn west." En dat fynt er achterôf besjoen spitich, sa seit er. Want: "Myn hiphop mei bêst heard wurde. Op it mêd fan Frysktalige muzyk ha ik aardich wat delset, it fertsjinne om promovearre te wurden."

De top 5 fan Harm van der Meer

Artyst Nûmer
Harm van der Meer De Earste Fryske Raper
Harm van der Meer Myn Doarp
Harm van der Meer De Hobbykweker
Harm van der Meer Fuort mei de Wolf
Harm van der Meer Skoppen Boer