Nico Minnema bout tydlike wenromte foar sweltsjes, mosken en flearmûzen

De Ecotil yn Heech © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Op fakânsjepark de Pharshoeke yn Heech stiet sûnt dizze maitiid eat wat liket op in keunstwurk, mar wat eins in tydlik ferbliuw is foar sweltsjes, mosken en flearmûzen. It hjit in Ecotil en ekologysk adviseur Nico Minnema fan Successie Natuurzaken wurket der al trije jier oan.
It moat in oplossing wêze foar de reedlik ûnbûchsume wize wêrop't no de Natuerbeskermingswet tapast wurdt, wannear't der hûzen of pleatsen ferboud of sloopt wurde foar nijbou.
"Dêrtroch fersâne je yn ûndersyk, 'nader' ûndersyk en in hiel soad fertraging, heffingen en fergunningen", seit Minnema. "Dat kostet klauwen fol jild. Wy tinke dat je better ynvestearje kinne yn fysike saken dêr't de minsken op lange termyn ek fan genietsje kinne, omdat dy bisten wer plak ha."
Hieltiten mear ferlet fan tydlike 'wenromte' foar fûgels
Benammen âldere gebouwen binne sa delset dat der behoarlik wat romte is foar fûgels en flearmûzen, om der te wenjen of te nesteljen. By nij- of ferbou driigje dy plakken te ferdwinen en moatte je soks kompensearje.

Deselde problemen

Troch dat bûtendoar te dwaan mei de saneamde Ecotil komme je net nochris foar deselde problemen te stean as je letter wer wat feroarje wolle oan je hûs. Yn de tillen dy't no makke binne, is der yn it binnenste romte foar flearmûzen. Dêromhinne sitte briedplakken foar fûgels, mei somtiden ek keunstnêsten foar sweltsjes.
Nico Minnema © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Yn prinsipe snijt Minnema himsels yn 'e fingers, seit er. Want oan syn advizen en ûndersiken fertsjinnet hy mear. Mar it giet neffens him ek om mear draachflak foar de natuer.
As je foarkomme dat minsken troch in soad burokratyske hoepels springe moatte, dan soe dat better útpakke moatte foar net allinnich de mins, mar ek de fûgels en flearmûzen.
De earste bewenners sitte der yn Heech al yn: in nêst protters © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De kommende jierren binne der nochal wat plannen foar nije wenten. En in soad besteande wenten moatte oanpast wurde om suniger mei enerzjy om te springen. Der is in plattelânsfariant fan de Ecotil makke en ien foar de stêd.
Minnema fernimt dat de fraach nei de tillen tanimt. "Der binne al wer twa makke. Foar de tredde is opdracht jûn. En oer fjouwer en fiif binne wy yn petear." Dan giet it om de stedsfariant. Mar ek foar it oare ûntwerp hawwe sa'n seis partijen harren meld, wêrûnder in skoalle.