Rykswettersteat: konstruksjeflater makke by oanlis Prinses Margriettunnel

De problemen mei it akwadukt yn de A7 by Twellingea binne feroarsake troch in konstruksjeflater. Dat seit Rykswettersteat. De tunnel moast yn desimber hals oer de kop ticht, omdat ien fan de fjirtich tunnelmoaten omheech kaam.
Op 14 desimber ferline jier kamen de problemen oan it ljocht. De A7 tusken Snits en De Jouwer waard direkt sletten. "Der koe gjin auto mear oerhinne ride, dat koe net feilich", sei Anne van der Meer fan Rykswettersteat doedestiids. It wie lange tiid ien grut riedsel wat de oarsaak wie.
Konstruksjeflater
Nei wiidweidich ûndersyk is Rykswettersteat ta de konklúzje kaam dat by de oanlis yn de jierren santich flaters makke binne. "Er zijn ontwerpfouten gemaakt", seit Joost de Ruig, haadingenieur-direkteur by Rykswettersteat Noard-Nederlân.
Rykswettersteat: konstruksjeflater makke by oanlis Prinses Margriettunnel
"Als je iets aanlevert voor 100 jaar en het gaat na een jaar of 45 kapot, dan is er echt iets mis. Het staal dat gebruikt is was te dun en te weinig, en de kwaliteit was niet goed genoeg. Daardoor kon corrosie ontstaan en daardoor gaat de boel kapot."
Wethâlder Michiel Rietman fan gemeente Súdwest-Fryslân seit nachten wekker lein te hawwen fan de problemen by it akwadukt.
Heechste prioriteit
Rykswettersteat seit dat de problemen by de tunnel de heechste prioriteit hawwe. De Prinses Margriettunnel yn de A7 tusken Snits en De Jouwer waard yn 1978 yn gebrûk naam. Oare ferlykbere tunnels yn Nederlân, dy't yn deselde tiid boud binne, ha ek in ferlykbere konstruksje. Undersyk nei de steat fan dy tunnels rint noch.
"Het is nog te vroeg om daar iets van te zeggen. Dat komt een rapportage van en in september weten we daar meer over", seit De Ruig.

Fan de fjirtich tunnelmoaten dy't yn de tunnel lizze is yn desimber ien omheech kommen. In oar part fan de tunnelbakken leit los. Rykswettersteat seit dat alle fjirtich bakken opnij fêstlein wurde moatte.
Rykswettersteat is tongersdei úteinset mei de wurksumheden. Dy sille minimaal in jier yn beslach nimme.