Ljouwert wol mear spesjale wenningen foar dak- en thúsleazen: 'Leafst dit neijier noch'

Sawol riedsleden as it kolleezje fan B en W wolle mear 'onconventionele woningen' foar dak- en thúsleazen yn de stêd. It kolleezje hat al in lokaasje op it each dy't it fan doel is te keapjen. Dêr soene seis oant acht minsken ûnderbrocht kinne.
Op inisjatyf fan de ChristenUnie waard woansdeitejûn fergadere oer de oanpak fan de tanimmende dakleazens yn Ljouwert. "Bij werkbezoeken aan de daklozenopvang hoorden we dat het niet alleen een zorgvraag is, maar ook een huisvestingsprobleem", leit fraksjefoarsitter Carlijn Niesink út.
Troch de wenningkrisis binne der net in soad huzen beskikber. Dêrtroch bliuwe dak- en thúsleazen langer gebrûk meitsjen fan de opfang, wat net goed is foar harren takomstperspektyf.
Kontenerwenten
It realisearjen fan ûnkonvinsjonele wenplakken soe in goede oplossing wêze, neffens de ChristenUnie. Bygelyks troch it pleatsen fan kontenerwenningen of it ombouwen fan kantoarpannen. It inisjatyf krige byfal de ried en fan it kolleezje.

Neffens wethâlder Hein Kuiken wurdt der achter de skermen al wurke oan it mooglik meitsjen fan seis oant acht saneamde ûnkonvinsjonele wenningen. Dêroer is de gemeente drok yn ûnderhanneling, want de lokaasje moat noch kocht wurde. Kuiken hopet dat it nei de simmer rûn is.
Needsaak Skills in de Stad
In oare wenfoarm dêr't Ljouwert nei útsjocht is Skills in de Stad. Hjir kinne tritich kwetsbere jongeren sawol wenje, wurkje as leare. It komt allinnich al jierren net fan 'e grûn troch stroefe ûnderhannelingen mei it ryksfêstgoedbedriuw.

"Door de toegenomen energieprijzen en bouwkosten, hebben we te maken met een ander rekensommetje", seit wethâlder Kuiken. "En dat somke ha we wer opnij makke en it kin út. Ik hoopje hjir ek nei de simmer mei goed nijs oer te kommen."
Wol sit der druk op it realisearjen fan Skills in de Stad. Ljouwert krige oardel miljoen euro fan it Ryk foar it projekt, en moat dit jild werom jaan as de wenfoarm der dit jier net komt.