Kultuersektor besiket dûnsjend besuniging fan 1,6 miljoen fan tafel te krijen

De kulturele yntervinsje fan Ivgi & Greben yn it Provinsjehûs © Omrop Fryslân
Acht dûnsers fan dûnsselskip Ivgi & Greben út Ljouwert fertoanden woansdeitemiddei harren keunsten op de steatemerk fan Provinsjale Steaten. Se joegen de steateleden in foarpriuwke fan opera Jevgeni Onedin fan Tsjaikovski, dy't takom moanne yn premjêre giet yn Spangea.
Foar de saneamde 'kulturele yntervinsje' út namme fan de kulturele sektor wiene de acht dûnsers oerkaam fan de repetysjes yn Weststellingwerf.

Koart optreden

De inisjatyfnimmers woene mei it koarte optreden steateleden sa entûsjast meitsje foar de kultuer yn Fryslân, dat se de besuniging fan 1,6 miljoen euro op taal en kultuer mei yngong fan 2026 wer ynlûke.
Oft dat ek slagget, falt noch te besjen. Mar inisjatyfnimmer Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk wie goed te sprekken oer de opkomst. De nije steateleden fan de BoerBurgerBeweging, de grutste partij yn de Steaten, wiene bygelyks allegearre oanwêzich.
It is belangryk dat keunst en kultuer in moai plakje krijt yn it nije bestjoersakkoart.
Douwe Zeldenrust fan Keunstwurk
"It is belangryk dat keunst en kultuer in moai plakje krijt yn it nije bestjoersakkoart, want dat leit der noch net", seit Zeldenrust oer de oanlieding om de kulturele yntervinsje te organisearjen.
"Wy wolle ús ferhaal posityf bringe. Mei keunst en kultuer berikke je in soad minsken. It hat ek in soad wearde foar de mienskip. Wy witte dat der in besuniging fan 1,6 miljoen oan komt en dy wolle we hiel graach fan tafel hawwe."

Yn petear

In soad kulturele organisaasjes wiene woansdei oanwêzich by de kulturele yntervinsje om fuortendaliks nei it koarte optreden fan Ivgy & Greben yn petear te gean mei de nije steateleden.
Yn de kultuersektor wurdt mei spanning útsjoen nei de namme fan nije kultuerdeputearre en ek nei de plannen fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten op it mêd fan kultuer.