Akke Terpstra fûn it aventoer op Mallorca: "By in Alvestêdetocht kom ik werom"

© Akke Terpstra
Boeredochter Akke Terpstra fan Ie is in aventurier. In baan as amtner by de gemeente ferruile se dêrom foar wurk yn it bûtenlân. Uteinlik wist Mallorca har hert te stellen.
Se skreau op in fakatuere foar reisliedster, dêrtroch hat se yn in soad lannen west. Mallorca stuts der lykwols boppeút, dat is har nije thús wurden.

Bikiny yn de winter

De sinne skynt der op it stuit net, dochs is it dêr op dit stuit waarmer as yn Fryslân. "En wy hjir ek hiele moaie winters. As ik wat gelok ha kin ik yn jannewaris en febrewaris gewoan yn de bikini op it terras lizze."
© Akke Terpstra
Dat betsjut net dat Terpstra de Fryske winters net mist. "Dy mis ik absolút wol. As de Alvestêdetocht der komme soe fleach ik direkt werom. En sa as Pinkstermoandei op de fyts de Alvestêdetocht, dat soe ik dan meimeitsje wolle."
"En de Fryske loften. Ik wit noch as ik dan thúskaam dan koe ik wol oeren nei de loften sjen. En jim ha ek folle mear wetter as ús. Kanalen en sleatten en no sjoch ik dat dêr dan boatsjes farre, dat mis ik wol."

Aventoer

De 65-jierrige Terpstra wurke earst op it gemeentehûs yn Dokkum, mar dat paste net goed by har. "Ik fûn it wol moai hear, mar ik wie in aventurier, dus doe't ik in advertinsje foar in reisliedster by Neckermann seach, ha ik direkt sollisitearre. Sa bin ik op Mallorca kaam en hjir bin ik myn man ek tsjinkaam."
De reisbrânsj hat se nei in skoftke wol wer ferlitten. "Dêr moatst echt jong foar wêze, dan is it wol moai." Mar hielendal los derfan is se no ek wer net. Sa ûntfangt se yn har eigen bêd en brochje folop gasten. "Mei de coronatiid siet ik in protte thús, en dat befoel my eins wol. Ik bin opholden mei wurkjen."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Trije jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat WhatsApp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt har en hokker aventoeren meitsje se mei?
© Akke Terpstra
Se hie de B&B al njonken har wurk. "It moarnsiten wie dan oant 10.00 oere en myn wurk begûn om 10.30, dus dat koe hiel goed." No't se opholden is mei wurkjen, binne se opskaald fan twa nei fjouwer keamers.
Yntusken hat de Fries mei har Argentynske man Tony ek twa bernsbern. Dy leare ek Frysk. "Ik praat altyd Frysk mei harren, dat fyn ik hartstikke leuk. Wy ha ek noch famylje yn Fryslân."

Noch altyd Frysk

Boppedat hat se gauris Fryske gasten yn de B&B. "Myn gasten út Fryslân freegje hast altyd oft se noch wat foar ús meinimme kinne. Mar tsjintwurdich kinst alles hjir hast wol krije, stroopwafels, dropkes, sels Nederlânske reekwoarsten." It eilân hat foar har alles. "Ik bliuw foar altyd op Mallorca, dit is myn plakje."