Danny Noppert sûnder Van Gerwen nei World Cup of Darts

Danny Noppert © Dijks Fotografie
Darter Danny Noppert moat it kommend wykein sûnder Michael van Gerwen stelle, op it lannetoernoai World Cup of Darts. Van Gerwen is net op tiid wersteld fan in toskoperaasje.
Dirk van Duijvenbode, de nûmer trije fan Nederlân, sil no mei Noppert in duo foarmje. Dêrtroch krijt Nederlân in ûngeunstiger plak yn de lotting.
Noppert en Van Duijvenbode meie wol de earste ronde oerslaan. Ferline jier wiene se ek in duo. Doe waard de heale finale ferlern fan Wales.