HEA! De brêgewipster fan Abbegeaster Ketting

HEA! Brêgewipster Thea
Al hast trije jier betsjinnet Thea de Jong fan Boalsert de brêge by Abbegeaster Ketting. Earder die se ynpakwurk foar Empatec, mar dit foldocht har folle better.
Alle dagen giet Thea op 'e fyts nei 'har' brêge en genietet se fan de frijheid en de fleurige boatsjefarders dy't foarby komme. Mei moai waar komme der deis wol 100 boaten foarby.
As guon passanten begjinne te toeterjen omdat it harren net fluch genôch giet, lit de brêgewipster se wolris efkes wat langer wachtsje. "Ik hâld net fan dat driuwen en ik bepaal." Sels hat Thea mei har man ek in boatsje. Mar dochs is se noch nea ûnder har eigen brêge trochkaam. "Dat moat nedich noch in kear wêze, fyn ik."