Liveblog | 14 juny

112-nijs woansdei 14 juny: Fytser (85) ferstoarn by oanriding yn Mitselwier

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 14 juny, 22:26
22:26

85-jierrige fytser ferstoarn by oanriding yn Mitselwier

By de oanriding tusken in auto en in fytser op de Roptawei yn Mitselwier, earder op de dei, is de fytser om it libben kaam. It giet om in 85-jierrige man út de gemeente Noardeast-Fryslân.
De helptsjinsten koene neat mear foar it slachtoffer dwaan. Hy is op it plak fan it ûngelok oan syn ferwûningen ferstoarn. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.
19:17

Brân yn middenberm A6 by Skarsterbrêge

© ProNews Producties
In stik middenberm lâns de A6 by Skarsterbrêge hat yn 'e brân stien. De brânwacht waard krekt nei 18.30 oere oproppen foar de brân en hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De brân en de reek feroarsake wol wat hinder foar it ferkear. In stik fan sa'n 50 meter middenberm gie yn flammen op.
18:33

Plysje: Lit hûn net efter yn waarme auto

De plysje East-Fryslân warskôget hûnebesitters dat se harren hûn net yn 'e auto efterlitte moatte mei it waarme waar. "Dit is onverantwoord!", meldt de plysje op sosjale media. De plysje hat it al ferskate kearen meimakke de ôfrûne dagen en dat kin djoer útpakke foar de baaskes fan de hûnen. "Wij treden hier tegenop met zeer hoge boetes tot gevolg."
Ek kuierje mei de hûn op bygelyks hjit asfalt is ferbean. Neffens de plysje falt dit ûnder bistemishanneling. "Denk om onze dieren. Spreek elkaar aan als je een dergelijk iets tegenkomt."
17:15

Man en frou yn Ljouwert oanholden foar drugshannel

De plysje hat yn in wenning oan de Ahornstrjitte yn Ljouwert in 29-jierrige frou en in 44-jierrige man oanholden om drugshannel.
Doe't de plysje de wenning yngie besochten de fertochten út te naaien fia de efterkant fan it hûs. Dêr stie lykwols ek in agint. De fertochten gienen wer nei binnen en besochten doe gau de drugs fuort te spielen yn de badkeamer. Dêr waarden in streamende kraan en lege bôlepûdsjes oantroffen.
Nei in trochsiking yn de wenning waarden wol ferskate soarten drugs oantroffen. De kâns is neffens de plysje grut dat it gebou ynkoarten troch de boargemaster sletten wurde sil.
16:14

Skuorke en sket yn de brân op It Hearrenfean

It sket gie yn flammen op © BTBfotografie
In brantsje hat oan de Vermeerstraat op It Hearrenfean skea feroarsake. Om 15.45 oere hinne krige de brânwacht in melding.
Der stie in skuorke en in sket yn de brân.
De brânwacht hie de brân rap ûnder kontrôle en koe foarkomme dat de dy oersloech. Neffens de brânwacht is de brân nei alle gedachten ûntstien yn in kontener.
15:36

Fytser rekket swierferwûne by oanriding yn Mitselwier

Oan de Roptawei yn Mitselwier hat krekt foar 15.00 oere in oanriding west tusken in auto en in fytser. De fytser is swierferwûne rekke. Plysje Fryslân meldt dat de helpferliening opstart is.