De toan fan Froukje Sijtsma: "Lekker bûten boartsje"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Hasto dat ek wolris? Dat it fielt oft dy neat út hannen komt? Datst hieltyd mear aksjepunten op dyn listje setst yn plak fan dat der wat ôfgiet? Soms tink ik wolris dat ik in loaie baarch bin, mar myn omjouwing fynt dat ik earder in wrotter bin dy't tefolle wol.
It túch op myn oprit bygelyks, it groeit ta nije rekôrhichten. En de farve op myn houten hokje bledderet der aanst ek út himsels wol ôf as ik noch ien simmer langer wachtsje. Ek de steapel boeken dy't ik noch lêze wol wurdt hieltyd heger.
De toan fan Froukje Sijtsma
Dat wy it yn Nederlân te drok hawwe en te folle wolle is gjin nijs. Net allinnich folwoeksenen, ek bern hawwe bytiden tefolle ferplichtingen. Ien fan de hitsjes út myn 'Kinderen voor Kinderen'-tiid is it ferske 'Ik wil nog dit, ik wil nog dat' út 1990. Ik wie seis jier en song de tekst út folle boarst mei:
"...Ik wil nog zoveel dingen doen, ik weet er zo al een miljoen. Ik kom, ik kom al tijden tijd tekort..."
De bern fan de jierren tachtich hienen it wol yn it snotsje: it is net goed om it te drok te hawwen. Ek doe al, sûnder de ferliedings fan tablets en sosjale media. Want it ferske giet fierder:
"...Soms dan denk, hou toch op, geen gezeur meer aan mijn kop. Ik doe nu even niets meer voor een keer. Maar lig ik dan een tijdje stil, dan denk ik weer aan wat ik wil en meestal, meestal wil ik dan nog meer..."
Hiel werkenber, ek no noch. Want op it momint dat ik my foarnim dat it oars moat en ik mei in selshelpboek en in bakje tee yn de tún sitten gean, dan bekrûpt my nei in skoftke alwer it gefoel dat ik wat dwaan moat. De ruten binne echt goar, ik moat it hok nedich ris opromje en soe it net better wêze as ik myn kleankast ris trochnimme soe?
Ek myn dochter groeit op mei 'Kinderen voor Kinderen'. En der is noch net sa'n soad feroare. As fjouwerjierrige song se al oertsjûgjend it ferske 'Eigen tempo' út 2019 mei:
'Ik moet steeds van alles. Huiswerk, sport, de afwas. Maar ze krijgen mij niet gek. Ik blijf cool en laat m'n socials lekker lopen. Ik sla een dagje over. Geen gehijg meer in mijn nek..."
Genôch stof ta neitinken dus op dizze nasjonale dei fan it bûten boartsjen. Net allinnich bern dogge der goed oan om bûten lekker de blomkes bûten te setten. Ek folwoeksenen meie it inerlik bern yn harsels bêst ris wat faker nei bûten stjoere.
Dus: hjoed gewoan dat skermke ris wat faker oan de kant, it húshâlden litte foar wat it is en mei elkoar genietsje fan in moaie dei bûten. It ûnkrûd op de oprit is der moarn ommers ek noch wol."