Track & trace foar in ynfúspomp: sa rekket Nij Smellinghe nea wer wat kwyt

Berneferpleechkundige Tiny Rooske © Omrop Fryslân
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat in oplossing betocht om fluch medyske apparatuer op te sykjen. Eltse rolstoel, bloeddrukmjitter of ynfúspomp hat in eigen track & trace-systeem. In soarte fan airtag.
Leafst in healoere wie eltse ferpleechkundige op de berneôfdieling fan Nij Smellinghe alle dagen wer kwyt om in weachskaal, bloeddrukmjitter of monitor te finen. Dy apparaten binne mobyl: der sitte tsjiltsjes ûnder en just dêrom ride se it hiele sikehûs troch.
It nije track & trace-systeem Amy © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
As earste is de berneôfdieling begjin dit jier foarsjoen fan de lokaasjetag. Dat is in soart kompjûterke dat hieltyd in lokaasjesinjaal ôfjout. Hûndert apparaten, sa as bêden of bloedrukmjitters krigen sa'n griis kastje. Yn de rin fan 2023 krije ek de oare ferpleechôfdielingen it track & trace-systeem mei de namme Amy.
Track & trace foar in ynfúspomp
De ôfdieling Medisch Technologisch Beheer hat it systeem Amy betocht. "Dit is uniek in Nederland", seit teamlieder Leon Noorduin. "Alle verplaatsbare apparatuur zoals infuuspompen, rolstoelen, bloeddrukmeters en bedden worden de hele dag door gebruikt en hebben wieltjes. Daardoor kunnen ze steeds op een andere plek liggen."
De ferpleechkundigen hoege no net langer mear te sykjen, mar kinne fia in app besjen wêr't wat stiet. "Geweldig. Echt, wat een uitvinding", seit berneferpleechkundige Tiny Rooske.

Mear tiid foar de pasjint

"We hebben zoveel dingen, je gaat iedere kamer binnen om te kijken of er ergens iets staat. Het is ook niet fijn voor de patiënten als iemand steeds binnenloopt om wat te zoeken." It personiel hat sa ek mear tiid om oan de pasjinten te besteegjen.
Berneferpleechkundige Tiny Rooske mei it track & trace-systeem © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Mar ek foar it Medisch Technologisch Beheer is it track & trace-systeem in boppeslach. "Wij hoeven ook niet meer te zoeken als we apparatuur moeten repareren. Het maakt het werk veel makkelijker", seit Noorduin.
Wat it systeem unyk makket is dat net allinnich te sjen is yn hokker keamer bygelyks in bloeddrukmjitter stiet, mar ek krekt hoefier it apparaat by in meiwurker wei is.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema