Van der Zee ferfangt Van den Belt as statutêr direkteur by Cambuur

Ard de Graaf en Gerald van den Belt foarmen jierrenlang de twakoppige direksje fan Cambuur © Dijks Fotografie
Fan 1 july ôf is Gerald van den Belt gjin statutêr direkteur mear by SC Cambuur. Op eigen fersyk docht er in stapke werom. Harry van der Zee ferfangt him en wurdt neist algemien direkteur Ard de Graaf de twadde statutêr direkteur.
Dat is de útkomst fan in oandielhâldersgearkomste fan de klup tiisdei. It betsjut net dat Van den Belt ôfskie nimt fan Cambuur: hy bliuwt dwaande mei it nije stadion en sil dêrnjonken ek Etiënne Reijnen stypje yn syn rol as nije technysk direkteur.
Gerald blijft onderdeel van het directieteam, maar hij zal niet meer in beeld zijn en statutair verantwoordelijk zijn.
Cambuurdirekteur Ard de Graaf
It is in winsk fan Van den Belt om in stapke werom te dwaan. Hy wie de ôfrûne jierren technysk en finansjeel direkteur. Fan dy earste portefúlje hat er yn septimber foarich jier al ôfstân dien. De finansjele taken wurde no oernaam troch De Graaf.
"Gerald blijft onderdeel van het directieteam, maar hij zal niet meer in beeld zijn en statutair verantwoordelijk zijn", leit De Graaf út. "Hij zal meer op de achtergrond opereren."

Ekstra stipe foar Reijnen

Syn ferfanger, Van der Zee, sil ek net nei de foargrûn stappe neffens De Graaf. "Naar buiten toe zijn Etiënne en ik het gezicht." It stichtingsbestjoer en de ried fan kommissarissen hawwe De Graaf nei foaren skood as wurdfierder hjiroer.
De Graaf en Van der Zee binne dus de twa statutêr direkteuren. Dat jildt net foar Reijnen. It is de bedoeling dat hy dat yn de takomst wol wurdt, mar op fersyk fan de ried fan kommissarissen is earst foar Van der Zee keazen.
"Het is een spannende fase voor de club, met het stadiondossier en het voetbalbedrijf", leit De Graaf út. "Etiënne is nieuw en we willen de last nu niet op zijn schouders leggen, zodat hij normaal kan inwerken als 'td'."
Artystympresje fan it nije Cambuurstadion © Van Wijnen
De Graaf: "En dus wil de raad van commissarissen het statutaire deel interim beleggen bij iemand anders. Zie het als een soort brugfunctie. Ze willen er extra ogen bij zetten en dat lijkt me heel logisch en verstandig."
Yn de Sportcast fan Omrop Fryslân sei Reijnen moandei dat er wist fan dizze konstruksje en begrypt dat hjirfoar keazen is.

Van der Zee

Van der Zee stapt al langer by de klup om. Yn 2019 kaam er yn de ried fan kommissarissen, wêrnei't er yn 2021 oerstapte nei it stichtingsbestjoer.
De ôfrûne moannen hat Van der Zee de direksje fan Cambuur op de eftergrûn bystien. Syn sit yn it stichtingsbestjoer is oernaam troch Rudy Douma. Dy siet earder acht jier yn de ried fan kommissarissen by de klup, mar stapte yn 2019 op út ûnfrede oer hoe't de klup bestjoerd waard op dat momint.

Begrutting

Op de oandielhâldersgearkomste is tiisdei ek de begrutting foar it kommende seizoen fêststeld. Dy is mei sa'n twa miljoen omleech gien yn fergeliking mei foarich seizoen, doe't Cambuur noch yn de earedivyzje spile.
De Ljouwerters wurkje kommend seizoen mei in begrutting fan acht miljoen euro, dêrfan is it spilersbudzjet sa'n twa miljoen euro.