Technyske stêf Cambuur folslein: Jeroen Burghout skoot troch fanút de beloften

Jeroen Burghout wurdt de twadde assistint-trainer fan Sjors Ultee by SC Cambuur. Burghout komt oer fan de beloften. Martijn Barto is de oare assistint fan Ultee.
Trije jier lyn makke Burghout de oerstap fan de amateurs fan CSV Apeldoorn nei Cambuur ûnder de 21 jier. De no 38-jierrige coach belibbe in goed seizoen mei de beloften. Se promovearren twa kear, wêrtroch't se folgjend seizoen op it heechste nivo útkomme.
Dêrneist stie Burghout mei Jong Cambuur yn de bekerfinale tsjin PEC Zwolle. Dy waard úteinlik nei strafskoppen ferlern.
Besuniging
It ôfrûne healjier wurke Ultee noch mei trije assistint-trainers: Rob Alflen, Pascal Bosschaart en Martijn Barto. In pear moannen lyn waard dúdlik dat Cambuur it ôfrinnende kontrakt fan Pascal Bosschaart net ferlingje soe.
Ek it kontrakt fan Rob Alflen waard úteinlik net ferlinge. Neffens technysk direkteur Etiënne Reijnen hat dat foaral in finansjele reden. "We moeten flink bezuinigen, dus gaan we het met minder manschappen doen. Zowel in de staf als in de selectie", sei Reijnen yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

De fakatuere foar assistint-trainer woe de klup ynfolje mei ien dy't oars wurket as de foargongers, sa seit Reijnen. "We hadden een ander type nodig. Iedereen kan een plan maken, maar vervolgens dat plan uitwerken en ergens naartoe werken, dat vraagt nogal wat."
Mei de komst fan Burghout is de technyske stêf yn prinsipe rûn. Ultee as haadtrainer, Barto en Burghout as syn assistinten en Peter van der Vlag bliuwt as keeperstrainer. Reijnen: "Dit is in onze ogen de ideale staf die in staat is om spelers beter te maken."