Yn optocht achter it strjitteäter oan: "Dit is gewoon Oerol"

In fitnessles yn jierren 80-styl fan House of Circus © Geert Snoeijer
Under de Brandaris op Skylge docht in man plastic boarsten foar. Syn kollega hat in fluoressearjende broek oan en set in grutte, blonde prúk op en lûkt hege, rôze hakken oan.
It publyk sammelet him der nijsgjirrich omhinne. It duorret net lang of se roppe allegear mei "I looooove my body". Yn de baarnende sinne folgje se entûsjast de ynstruksjes foar in fitnessles yn jierren 80-styl. Mei folop romte foar in posityf lichemsbyld.
House of Circus is ien fan de strjitteäteracts dy't je samar tsjinkomme kinne op Oerol. Op Midslân rinne minsken al like entûsjast achter jonglearjende manlju en froulju fan Collectif Protocole oan.
Elkenien is bliid dat it strjitteäter werom is op Oerol
Henk Jansma is eigener fan 't Witte Huuske en krijt der net folle fan mei, want hy is drok yn de keuken oan 'e gong. Hy is bliid mei de drokte by him foar de saak del. De ûndernimmers hawwe it strjitteäter hiel bot mist ferline jier. It kaam mei fergunningen net op tiid klear. De neisleep fan corona, seit Oerol.

Rekôromset

Margreet Reekers fan Margaritha Kleding & Meer hat op sneon in rekôromset draaid. "Ik ben heel blij met Oerol", seit se. It strjitteäter lûkt minsken en dat is goed foar de saak. De terrassen sitte fol, de sinne skynt en dat makket miskien it minne foarseizoen mei al dy hurde wyn wat goed. Der falt noch wol wat yn te heljen, suchtet se.
Publyk docht entûsjast mei © Geert Snoeijer
Collectif Protocole is oan de ein fan de strjitte. Ien fan de besikers komt spesjaal foar it strjitteäter. In oar is bliid dat it wer libbet op strjitte en dat je net yn 'e rige hoege foar kaartsjes. In tredde besiker seit: "Dat is gewoon Oerol. Overal waar je gaat, treedt iets op. Dat is het mooiste."

Mear muzyk

Thijs Weijland is programmeur strjitteäter. Foar it earst dit jier. Der is mear muzyk en der wurdt eksperimentearre mei oare keunstfoarmen. Der wurdt sjoen wat goed befalt en dat wurdt meinaam foar takom jier.
Under de Brandaris komt de fleurige fitnessles ta in ein. De foarstelling giet ek oer kontakt meitsje mei mekoar, selsleafde en posityf nei je liif sjen. De kleurrike fitnessynstrukteurs fan House of Circus slute dan ek ôf mei de wurden: "Be who you are, wear wat you want to wear and love who you want to love."
© -