Formateur Oebele Brouwer: Formaasje nij kolleezje kostet mear tiid as tocht

Oebele Brouwer © Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân sil net foar de ein fan dizze moanne in nij kolleezje fan Deputearre Steaten hawwe. Dat skriuwt formateur Oebele Brouwer yn in brief oan Provinsjale Steaten.
Brouwer hopet dat it wol foar 12 july slagget. Dan komme Provinsjale Steaten foar it lêst byinoar foardat it simmerreses yngiet. BBB, PvdA, ChristenUnie en CDA binne de beëage koälysjepartijen.
Oer de portefúljeferdieling fan de nije deputearren is al wol in akkoart berikt, skriuwt formateur Brouwer. De wurkferdieling is lykwols noch net definityf, dat bart pas by it konstituearjend berie ûnder lieding fan kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Tiidsyntinsyf

Brouwer lit fierder oan de Steaten wite dat ûnderhannelings tusken fjouwer hiel ferskillende partijen no ienkear tiid kostje. "Vooraf had ik er geen zicht op hoe tijdsintensief zo'n proces zou zijn. Onderschat niet hoeveel dagen en avonden er besteed moeten worden om tot een goed product te komen. Ieders agenda wordt er meer dan mee gevuld."
Hy giet der noch hieltyd fan út dat de fjouwer partijen der wol útkomme sille. "Het laatste cement wordt gestort en de laatste teksten worden gemaakt en besproken, maar een behandeling in Provinciale Staten eind juni gaan we niet halen."

120 mails ûntfongen

De fiif beëage deputearren Friso Douwstra (CDA), Matthijs de Vries (CU), Jelle Zoetendal (PvdA), Femke Wiersma en Eke Folkerts (BBB) binne folslein by de ûnderhannelings belutsen. Douwstra, De Vries en Wiersma al sûnt it begjin; Zoetendal en Folkerts sûnt dat harren nammen bekend binne.
De formateur lit fierder wite dat hy 120 mails ûntfongen hat fan ynwenners, organisaasjes en partijen mei advizen, fragen en sinjalen oan de fjouwer formearjende partijen. Brouwer neamt dat yn syn skriuwen in "mooie tendens, los van de vraag wat de formerende partijen uiteindelijk met de signalen kunnen doen".