Andries Noppert tsjin Kroäsië op de bank, Koeman kiest foar Bijlow

Andries Noppert © Orange Pictures
Doelman Andries Noppert stiet woansdeitejûn net yn de basis fan Oranje yn de heale finale fan de Nations League tsjin Kroäsië. Feyenoord-keeper Justin Bijlow krijt fan bûnscoach Ronald Koeman de foarkar.
Koeman makke syn kar moandei bekend. Hy wol net sizze wêrom't Bijlow no syn earste keeper is. Hy wol ek noch net sizze oft Bijlow foarearst de earste keeper bliuwt. Noppert sit foar it earst wer by de seleksje fan Oranje sûnt it WK fan ôfrûne jier yn Katar. Dêr helle er de kwartfinales.
De keeper fan sc Hearrenfean hie lange tiid te krijen mei in blessuere, mar stie twa wiken lyn yn de lêste kompetysjewedstriid tsjin Go Ahead Eagles wer ûnder de latte.