322 squadron yn Ljouwert bestiet 80 jier en is fiif pappegaaien fierder

In fleantúch fan 322 squadron (argyffoto) © ANP
Foar it 322 squadron is 2023 in bysûnder jier, om't de operasjonele ienheid mei fleantugen 80 jier bestiet. Moandei hold it squadron in betinking en yn septimber folget noch in reüny.
"We zijn op het Ereveld Grebbeberg in Rhenen geweest, daar zijn twee oud-vliegers van 322 squadron begraven", fertelt Jayme Tol fan de Ljouwerter fleanbasis, de thúsbasis fan 322 squadron. "Door leden van het squadron zijn er kransen gelegd en twee F-35's hebben een vliegend eerbetoon uitgevoerd."
Yn Ljouwert wiene gjin aktiviteiten, mar dat komt om't dêr op dit stuit baanrenovaasjes plakfine. "Daarnaast zijn onze mensen net terug van een oefening uit Scandinavië. Omdat iedereen zo verspreid was, hebben we maandag alleen herdacht en gaan we op 22 september een feest vieren", leit Tol út.

Reüny yn septimber

Op dy dei is ek de reüny. "Daar is belangstelling voor, alleen merken we wel dat we niet alle oud-squadronleden goed kunnen bereiken. Dus ik doe graag een oproep." Wa't belangstelling hat, kin de ynformaasje fine op de webside fan it squadron.
322 squadron waard yn Ingelân oprjochte op 12 juny 1943, yn de Twadde Wrâldoarloch. In groep Nederlânske jachtfleaners wie yndield by Britske squadrons fan de de Royal Air Force. Ut dy ploech wei is úteinlik in Nederlânsk squadron oprjochte. Nei de oarloch ferhuze it squadron en úteinlik bedarre it yn Ljouwert.
Yntusken is 322 it âldste operasjonele squaron fan de Keninklike Loftmacht. Neffens Tol hat it squadron ferskate wichtige mominten meimakke: de Kosovo-oarloch, de treinkaping by De Punt, mar ek Manja Blok kaam by 322 wei. Sy wie de earste operasjonele froulike F-16-piloate op de wrâld.

In bysûndere maskotte

It squadron hie nei de oprjochting fansels in maskotte nedich foar it embleem. "Toen is men naar de dierentuin gegaan om wat te halen. Een leeuw of tijger gaat was moeilijk, daarom kozen ze voor een grijze roodstaartpapegaai." Polly-1 waard sadwaande troch in piloat luitenant-kolonel út de London Zoo meinaam.
Polly Grey © S. Balt | 322 SQN
En sa kaam it squadron oan syn bysûndere maskotte: de pappegaai Polly Grey, dy't noch altyd op it logo brûkt wurdt.
"Polly is de enige levende mascotte die we binnen de luchtmacht hebben, al 80 jaar", seit Tol grutsk. "Papegaaien kunnen oud worden, maar dit is niet de eerste Polly. We zijn inmiddels aan de vijfde Polly toe. Deze is inmiddels 34 jaar oud."