Liveblog | 13 juny

112-nijs tiisdei 13 juny: Fytser rekket swierferwûne by oanriding by Jistrum

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 13 juny, 23:05
23:05

Fytser swierferwûne by ûngelok by Jistrum

© ProNews Producties
In 21-jierrige fytser út Burgum is swierferwûne rekke by in oanriding mei in auto op de Rijksstraatweg (N355) by Jistrum. It ûngelok barde om 22.00 oere hinne, op de krusing mei it Wyldpaed. De fytser is foar behanneling nei it sikehûs brocht, ûnder begelieding fan in traumadokter. De plysje docht ûndersyk nei wat der krekt bard is.
De helptsjinsten waarden fuortendaliks ynset. Neist twa ambulânsen waard der ek in traumahelikopter oproppen. De dyk hat yn beide rjochtingen in skoft ôfsletten west.
21:27

Tsjûgen socht fan ûngelok mei plysjewein op Wâldwei

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in ûngelok tusken in plysje-auto en in bestelbus op de Wâldwei by Nyegea. It ûngelok barde moandeitemoarn om 09.30 oere hinne. In 43-jierrige plysjeman fan it basisteam Noardeast-Fryslân rekke hjirby swierferwûne.
Ek de bestjoerster fan de wite bestelbus, in 46-jierrige frou út Grou, rekke ferwûne. Beide slachtoffers binne nei it sikehûs ferfierd. De bestelbus botste efterop de plysje-auto dy't op dat stuit by in stikkene auto lâns de dyk stie. De eksakte tadracht fan it ûngelok wurdt noch ûndersocht.
De plysje freget minsken dy't ynformaasje ha oer it ûngelok oft dy't wat opfallends sjoen ha foarôfgeand oan de oanriding om kontakt op te nimmen.
20:44

Botsing op de provinsjale dyk by De Harkema

© ProNews Producties
Twa auto's binne opinoar botst op de Betonwei (N369) by De Harkema. Nei kontrôle troch ambulânsepersoniel die bliken dat der gjin minsken nei it sikehûs hoegden. De dyk wie koarte tiid ôfsletten. In foarrangsflater is nei alle gedachten de oarsaak fan it ûngelok.
19:03

Soad reek by brân efter wenning op De Harkema

De brân bruts út efter in wenning op De Harkema © ProNews Producties
Yn in skuorre efter in wenning oan de Kammingastrjitte op De Harkema is brân útbrutsen. Dêr kaam flink wat reek by frij. Der is net ien ferwûne rekke.
De brânwacht fan Surhústerfean hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De oarsaak fan de brân is noch net bekend.
17:28

IM easket trije jier sel foar ferkrêfting yn Achtkarspelen

It Iepenbier Ministearje easket in finzenisstraf fan trije jier tsjin in 44-jierrige man dy't fertocht wurdt fan de ferkrêfting fan in frou út de gemeente Achtkarspelen. Dat soe ferline jier desimber yn har wenning plakhân hawwe ûnder bedriging fan in mes.
De fertochte hie earder in relaasje mei it slachtoffer, mar nei in fakânsje op Ibiza fielde hy him troch har fernedere. Hy soe nei har wenning ta gien wêze om de rûzje út te praten, mar it slachtoffer ferklearre dat se doe bedrige waard mei ferbaal geweld en in mes. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.
15:54

Helptsjinsten ride manmachtich út nei melding fan smartwatch yn Snits

Helptsjinsten yn Snits © ProNews Producties
De helptsjinsten binne fan 'e moarn manmachtich útriden foar in auto yn it wetter oan de Zeilmakersstraat yn Snits. Ien kear teplak die lykwols bliken dat der hielendal gjin auto yn it wetter lei. De melding kaam fan in smartwatch dy't automatysk de helptsjinsten belle hie en de lokaasje trochjûn hie.
Nei kontakt mei de eigeneres fan it horloazje die bliken dat se gewoan feilich thús siet. De brânwacht, plysje, ambulânse en traumahelikopter koenen dêrom wer werom. Wêrom't de smartwatch tocht dat de eigeneres yn gefaar wie, is net bekend.