Moasje om in needopfang yn Goutum tsjin te hâlden hellet it net yn de ried

It eardere hotel Campanile yn Goutum © LEO Middelsé
In moasje tsjin de nije needopfang yn it eardere hotel Campanile yn Goutum hat it net helle. Yn in ekstra riedsgearkomste krigen de inisjatyfnimmers fan de moasje net in soad byfal fan de gemeenteried.
De moasje waard stipe troch Forum voor Democratie, Lijst 058 en de VVD. Ein maaie kundige it kolleezje oan dat der yn Goutum in needopfang komt foar 130 flechtlingen. Dit op fersyk fan it COA dy't te lijen hat fan in tekoart oan opfangplakken troch de asylkrisis.
Om ynwenners te ynformearjen waard der ferline wike in ynrinjûn organisearre, dêr 't sa 'n 200 belangstellenden op ôf kamen. In soad ynwenners fan it doarp uteren doe soargen oer de opfang en it gebrek oan ynformaasje.
Mei in twadde moasje woene FvD, Lijst 058, FNP en VVD it kolleezje oantrúnje ta in bettere ynformaasjefoarsjenning, mar ek dizze moasje waard net troch in mearderheid yn de ried stipe.
Wol sei wethâlder Nathalie Kramers ta dat it kolleezje yn kontakt bliuwt mei omwenners en tenei dúdliker kommunisearje sil oer it doel fan in ynspraakjûn.

Balstjurrich publyk

Sa'n tritich belangstellenden wennen de riedsgearkomste by, ek ynwenners fan Goutum. Sy lieten geregeld fan har hearre yn de riedsgearkomste. De foarsitter moast ferskate kearen yngripe om it publyk te freegjen har rêstich te hâlden en kommentaar foar harren te litten.
Nei ôfrin liet in tal ynwenners witte dat de gearkomste de soargen net fuorthelle hat en der in soad ûnrêst is yn Goutum oer de komst fan de needopfang.
Yn it hotel © LEO Middelsé