Plan om bestjoerlik fertrouwen te herstellen kostet Skylge in ton

© Omroep Zilt, Lennard Geerts
Selden fynt der in riedsgearkomste plak yn de festivaldrokte fan Oerol, mar de bestjoerlike ferhâldingen fergje omtinken. Woansdei beslút de Skylger gemeenteried oer in plan om it fertrouwen tusken boargemaster, kolleezje en ried te herstellen.
Yn in ekstra ynlaske gearkomste moat de ried ynstimme mei in plan fan oanpak wêrmei't oan de ein fan dit jier de muoisume ûnderlinge ferhâldingen yn de bestjoersorganen flink ferbettere wêze moatte.
As der ynstimd wurdt, sil in ferkenner frijwol direkt oan de slach mei it fieren fan petearen mei ried, kolleezje, boargemaster en harren adviseurs. Dêroer wurdt al takom moanne, op 19 july, ferslach útbrocht oan de ried. Dan folget in langer proses dat troch eksterne persoanen laat en útfierd wurdt.
Pauline Krikke © ANP
Sa moat der wurke wurde oan herstel fan fertrouwen tusken riedsleden ûnderling. Ald-boargemaster Pauline Krikke van Den Haag is hjirfoar as petearlieder ree fûn. Ek belooft it plan fan oanpak trainingen foar ried en kolleezje yn 'rolbewustwêzen'. In coach moat boargemaster Caroline van de Pol helpe har amt 'mei gesach' út te oefenjen.

Kosten: in ton

Foar it proses wurdt 100.000 euro budzjet útlutsen. It bedrach is foar ien kear en basearre op it ynhieren fan in eksterne ferkenner, regisseur, coach, mediator en petearslieder (mei oeretariven fan 150 oant 250 euro) en de stipe troch eigen personiel.
"Of het allemaal een ton waard is, kan ik niet beoordelen", seit fraksjefoarsitter René Bultena fan koälysjepartij Plaatselijk Belang Terschelling.
"Ik heb niet de indruk dat de verhoudingen tussen oppositie en coalitie in deze gemeenteraad zoveel slechter zijn dan in andere raden. Het gemiddelde raadsvoorstel wordt hier vaak unaniem gesteund, zelfs bij moeilijke dossiers zoals de financiering van de haven. Er is maar één dossier waar de verhoudingen wél slecht zijn en dat is de positie van de burgemeester. Daar denkt de coalitie compleet anders over dan de oppositie."

Moreel appèl

It plan fan oanpak komt fuort út de moasje dy't de ried oannaam op 5 april. Yn dy moasje giet de ried yn op de oanbefellings dy't kommissaris fan de Kening Arno Brok die yn in 'moreel appèl' oan de ried.
Brok ferwiet de ried in 'fûneminteel fermogen ta selsrefleksje' by de fertrouwensbreuk dy't yn septimber 2022 ûntstie en rôp op om mei it kolleezje fan B en W te kommen ta profesjonele wurkhâldingen.
© Omroep Zilt, Lennard Geerts