Raymond Brink docht nije rekôrpoging darten foar goede doel: 100 oeren trochsmite

Raymond Brink wol 100 oeren achterinoar darte © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Tûzenen pylkjes smite yn 100 oeren, dat is it doel fan darter Raymond Brink út Drachten. It gruttere doel is jild ophelje foar ALS. Brink is sneintenacht begûn oan syn útdaging.
Om 00.30 oere begûn de darter oan syn rekôrpoging. Hy dart dus 100 oeren achtermekoar, mei om de pear oeren efkes skoft. In swiere opjefte, mar hy is fol goede moed. "Gewoon doorgaan en zo nu en dan even een peukje en wat eten", seit er.
Nei 8 oeren begûnen der wol al wat pyntsjes te kommen, mar as it mei rjochts net mear giet dan stapt hy efkes oer op syn linkerhân.
Darter Raymond Brink docht opnij rekôrpoging
Brink hie al earder in rekôr behelle. Trije jier lyn darte hy 72 oeren achtermekoar, mar it rekôr waard letter wer ferbettere. Dêrom wol er no 28 oeren langer trochgean. As tarieding hat er de ôfrûne tiid traind yn de sportskoalle, om fitter oan it boerd te kommen.
Der is in tal minsken dat him stipet yn de kantine fan fuotbalferiening ONB yn Drachten. De favorite muzyk fan Brink wurdt draaid troch in dj. Begelieder Richard Leegte hâldt de darter goed yn 'e gaten en hy krijt somtiden ek efkes in massaazje.
Yn de kantine fan fuotbalklup ONB yn Drachten © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It doel is safolle mooglik jild op te heljen foar de sykte ALS. De sweager fan Brink syn heit hie de sykte en dat is de oanlieding om dit te dwaan. Hy hopet 15.000 euro op te heljen. Yn de kantine stiet in grutte bus dêr't minsken jild donearje kinne.
As it goed giet, smyt Raymond freedtejûn om 18.15 oere syn lêste pylk. Op de fraach oft hy tinkt dat hy it hellet seit hy: "Jazeker, haal ik het. Gewoon doorgaan. Ik hou niet op tot het klaar is."
Begelieder Leegte hat der ek alle betrouwen yn. Dochs seit hy dat as de sûnens fan Brink op it spul komt te stean, der in ein oan de poging makke wurdt.
Neffens him wurdt woansdei de krúsjale dei. Dan begjint it fysyk en mentaal dreech te wurden. Mar dêr gean se net fan út yn de kantine fan ONB. Allinnich al, omdat der ek in grut einfeest organisearre wurdt.