Minister makket regeling bekend: Fryske boeren kinne sjen oft se pykbelêster binne

Minister Christianne van der Wal © ANP
Boeren kinne fan hjoed ôf te witten komme oft sy in pykbelêster binne. Minister Christianne van der Wal hat in webside presintearre dêr't boeren harren gegevens ynfolje kinne.
Der is lang wachte op dizze regeling foar pykbelêsters en der wie in soad ûndúdlik. Sa wie ek net hielendal dúdlik wannear't in boerebedriuw in pykbelêster wie. De minister hat dat no fêststeld. In pykbelêster is in bedriuw dat mear as 2500 mol útslacht en binnen 25 kilometer fan in Natura2000-gebiet sit.
Boeren kinne sels op de webside harren gegevens ynfolje om te sjen oft sy by de pykbelêsters sitte. Der wurdt gjin list bekend makke fan de 3000 bedriuwen.
Boeren kinne no sjen oft se pykbelêster binne
"Ik prate mei in boer út Nij Beets, dy wennet yn in Natura2000-gebiet", seit lânbouferslachjouwer Willem Vermeltfoort, dy't it dossier op de foet folget. "Hy hat goed wat kij, in stik as 130. Hy komt úteinlik út op om ende by de 1700 mol. Je moatte dus wol in hiele grutte boer wêze wolle je by dy 2500 mol komme."

Utkeap

Mochten boeren te sjen krije dat se ûnder de regeling falle, dan binne der ferskate opsjes. Sy kinne harren bygelyks útkeapje litte foar 120 prosint fan de wearde fan harren bedriuw.
Dy regeling is op frijwillige basis. It kabinet kin de boeren (noch) net twinge. It is wol de fraach oft dy regeling frijwillich bliuwt as te min boeren reagearje.
Der binne ek oare opsjes foar feehâlders, mar dy binne noch net fier genôch útwurke. It kabinet sjocht bygelyks nei ekstinsivearring, it minder yntinsyf meitsjen fan it bedriuw, of it dwaan fan ynnovaasjes op it mêd fan stikstofútsjit.
In boer kin bygelyks de stikstofútstjit ferminderje mei technologyske ûntwikkelingen. Njonken dat soe in boer ferhúzje kinne, mar dy regels binne ek noch net genôch útwurke troch it regear.

Yndustry

Der lizze ek plannen foar de pykbelêsters yn de yndustry. It ministearje foar Ekonomyske Saken sil mei harren oan de gong om de stikstof werom te bringen. It is noch net wis hoefolle bedriuwen oft der yn Fryslân sitte.
It kabinet presintearret ek in útkeapregeling foar bedriuwen dy't gjin pykbelêster binne. Sy kinne harren bedriuw foar 100 prosint fan de wearde ferkeapje. It kabinet hat 1,4 miljard foar de plannen reservearre.