Liveblog | 12 juny

112-nijs moandei 12 juny: Plysje-agint slimferwûne by botsing yn Nyegea

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 12 juny, 20:34
20:34

Auto rekket fangrail by Schalsum

De auto wurdt fuorttakele troch in bergingsbedriuw © AS Media
In auto is by in iensidich ûngelok tsjin de fangrail bedarre op de A31 by Schalsum. De bestjoerder fan de auto is kontrolearre troch ambulânsepersoniel, mar hoegde net nei it sikehûs.
Wêrtroch't de auto de fangrail rekke, is noch net bekend. In bergingsbedriuw hat de auto fuorthelle.
18:24

Botsing by ôfrit A7 op It Hearrenfean

De auto en it buske rekken beide skansearre © ProNews Producties
In auto en in buske binne mei-inoar yn botsing kaam op de Wetterwille, ûnderoan de ôfrit fan de A7 op It Hearrenfean. De ôfrit wie tydlik ôfsletten fanwege it ûngelok. Nei alle gedachten gie it mis troch in foarrangsflater.
De brânwacht, plysje en in ambulânse kamen om help te ferlienen. Ien fan de ynsitters is behannele troch it ambulânsepersoniel.
16:13

Brân yn konifear yn Kollum

By in felle konifearebrân oan de Oliemolensingel yn Kollum is ek in hûs skansearre rekke. De ruten fan it hûs barsten troch de brân en it sinneskerm kaam ek net hiel út de striid.
De brânwacht fan Kollum en Bûtenpost hawwe it fjoer útmakke. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is net bekend.
Brân yn konifear © ProNews
15:50

Bierkrattedief oanholden

De plysje fan Tytsjerksteradiel hat yn Burgum in 31-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanholden. De man wurdt der fan fertocht lege bierkratten stellen te hawwen.
De man wie earder op de dei al mei de kratten sjoen yn Sumar. De plysje tinkt dat hy dy kratten earne stellen hat. Minsken dy't in idee hawwe wêr't de kratten wei komme, kinne harren melde by de plysje.
15:04

Brechje op De Jouwer net mear feilich

It brechje tusken de Boterstraat en 't Zand op De Jouwer is ôfsletten. Ut ynspeksjes docht bliken dat de monumintale houten fytsbrêge net mear foldocht oan de feilichheidseasken.
In oannimmer sil de brêge út elkoar helje. It dek sil dan lizzen bliuwe en der wurde nije tydlike leuningen pleatst. Mei dy ferfanging is de brêge wer feilich te brûken. Yn it neijier wurdt de brêge folslein ferfongen.
14:13

Boef docht guod yn bernebakje mei poppe

In 24-jierrige ynwenner fan de gemeente Noardeast-Fryslân is feroardiele ta twa moannen sel. De man hie yn desimber ferline jier guod stellen by de ALDI yn De Westereen.
De man hie guod yn in bernebakje pleatst en syn poppe der boppe-op lein. De frou fan de fertochte gie by it tagongspoartsje stean, sadat de man mei bernebakje der delrinne koe, sûnder dat it alaarm ôf gie.
Doe't in meiwurker fan de ALDI de man oanspruts, waard hy aggressyf. De fertochte sloech de meiwurker en misledige him. De man naaide út, mar koe nei in Burgernet-berjocht oanholden wurde.