Besikers leare op Oerol oer sân dêr't sels oarloch om fierd wurdt

Besikers fan de keunstekspedysje 'Zandscheppers' op Oerol moatte de hannen út 'e mouwen stekke. Se moatte sân skeppe, silje en meislepe oer de Arjensdûn.
Lonny van Ryswyck fan Atelier NL hopet de besikers op dizze wize bewust te meitsjen fan de wrâld dy't achter sân skûl giet. Se is ien fan de inisjatyfnimmers fan dizze ekspedysje. Earder frege se minsken oer de hiele wrâld om sân op te stjoeren dêr't in ferhaal by sit.
By Zandscheppers moatte besikers de hannen út de mouwen stekke
Dêr kaam fan alles binnen. "Zoals een herinnering aan een overleden dierbare of van een vluchteling die de grens niet over mag en een toerist wel." Fan dit sân meitsje se glês. Want sân is in grûnstof dy't foar in hiel soad saken brûkt wurdt.
"Er is grote schaarste aan zand en veel mensen weten dat niet. Zo haalt Dubai zand uit Australië om gebouwen van te maken, hun eigen zand is niet geschikt. Er woeden ware zandoorlogen."
Se hopet minsken mei te jaan hoe wichtich it guod is neidat se meidien hawwe oan har ekspedysje. "Misschien brengt het verbazing, maar ik hoop vooral dat ze waardering hebben gekregen voor zand. Zonder zand geen gebouwen, geen computers, geen chips, geen brilglazen en geen telefoon. Mensen realiseren zich niet dat van zand van alles wordt gemaakt."
