Wethâlder Harns oer fargeul Boontjes: "Den Haag moet eens met ons praten en niet over ons"

Sicht op fargeul Boontjes © Simone Scheffer, Omrop Fryslân
Wethâlder Paul Schoute fan de gemeente Harns is frustrearre. Neffens him praat Den Haag net mei de gemeente oer de problematyk om fargeul Boontjes tusken Koarnwertersân en Harns hinne.
It soal moat foar gruttere skipfeart op in djipte fan 3,80 meter holden wurde, mar fanwege de kosten en de ympakt op de natuer is dat net helber. Alteast, dat fine guon politike partijen yn Den Haag.
As it soal net mear oant 3,80 meter útbaggere wurde mei, hat dat foar de gemeente Harns grutte gefolgen, sa seit wethâlder Schoute. Hy fynt dat dêr fierstente min nei sjoen wurdt.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis. De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.
Neffens Schoute moat de polityk yn Den Haag mear yn petear gean mei de kustgemeenten. Hy fynt dat der fierstente folle op ôfstân betocht wurdt, sûnder dat der sjoen wurdt nei de gefolgen foar de kustgemeenten.

'Haven wichtich foar hiel Fryslân'

De wethâlder seit dat de haven fan Harns net allinnich fan Harns is, mar fan hiel Fryslân en dêr in grutte funksje yn ferfollet. Foar de ekonomy mar ek op sosjaal flak. "Er moet brood op de plank komen en we zitten al in een regio die sociaaleconomisch niet tot de sterkste gebieden hoort."
Moeten we dan alleen nog bier drinken aan de kust en naar het Wad kijken?
Wethâlder Schoute fan Harns is frustrearre oer de opstelling fan Den Haag
Hy hat grutte yrritaasje oer it feit dat der fan alles oplein wurdt of betocht om it Waadgebiet te beskermjen. "Dan popt er weer iets op. Dan mag dit weer niet, dan dat weer niet. Zoutwinning moet stoppen, droogvallen moet stoppen. Maar dat heeft grote gevolgen voor Harlingen. Moeten we dan alleen nog bier drinken aan de kust en naar het Wad kijken? Dat is niet genoeg."
Schoute die syn útspraken yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Njonken him wienen Irene Overduin en Romke de Jong te gast yn it programma.
De Jong, Twadde Keamerlid foar D66, fynt wol dat der goed nei de natuer sjoen wurde moat. Hy begrypt dat it frustrearjend is foar de wethâlder, mar fynt dat it wrâlderfgoed beskerme wurde moat.
Paul Schoute, Irene Overduin en Romke de Jong yn it Nijsfoarum © Simone Scheffer, Omrop Fryslân
De gemeente is yn petear mei ferskate natuerorganisaasjes oer de kwestje, mar net mei de Waadferiening. Dy docht net mei oan it oerlis omdat de Waadferiening him mear rjochtsje soe op aksjefiere. Dat is alteast de lêzing fan Schoute, dy't dêr net wiis mei is.
"Ik heb van directrice Christine Wijshake begrepen dat ze deze manier van overleggen niet meer van deze tijd vindt. Ze zit meer op de actiekoers." De Waadferiening is tsjin it fierder útbaggerjen fan Boontjes.
Paul Schoute oer Boontjes