Soad besikers ûntsnapten oan de realiteit by it Literair Festival yn Harns

Connie Palmen en Kirsten van Santen © Simone Scheffer, Omrop Fryslân
De tún achter de biblioteek yn Harns siet sneontejûn grôtfol mei 175 minsken dy't harken nei skriuwers as Connie Palmen, Doeke Sijens en Auke Hulst. In soad belangstelling wie der foar it tredde Literair Festival Harlingen, nettsjinsteande de lûden dat der hieltyd minder lêzen wurde soe.
Neist de foardrachten wie der ek muzyk, in strykkwartet. Sa as it heart. Under it smûke skaad fan it beamtegrien koene de besikers efkes ûntsnappe oan de hurde realiteit fan dizze tiid. Dat is miskien ek wol de moaie kant fan lêzen. Efkes nei in oare wrâld om de dei fan hjoed te ferjitten.
Skriuwer Auke Hulst song ek noch in stik © Simone Scheffer, Omrop Fryslân
De drokte fan it útferkochte festival kaam by gastfrou, presintator en skriuwster Kirsten van Santen in bytsje as in positive ferrassing. "Moet je nagaan dat Oerol net is begonnen. Je zou zeggen: de Harlingers die van cultuur houden, zitten op Terschelling maar er zijn dus meer Harlingers die van literatuur houden."

Earfol

De minsken kamen ûnder mear ôf op Connie Palmen, dy't fertelde oer har libben as skriuwster. It gie oer hoe't de dea eufory bringe kin en hoe't it wêzen fan mem neffens har in suksesfolle skriuwerskarriêre yn de wei stean kinne soe.
De tún siet fol, it festival wie útferkocht © Simone Scheffer, Omrop Fryslân
Van Santen fûn it earfol it programma presintearjen te meien. "Connie Palmen is een schrijver waar ik in mijn jonge jaren ook alles van heb gelezen dat los en vast zit. En ik ben zo blij dat ze naar Harlingen wilde komen, ze vond het een prachtig stadje. Ik vind het ook rechtvaardig dat de grotere schrijvers nu naar Harlingen komen om over hun werk te praten."

Jongerein

Ek jongere skriuwers en spoken word-artysten krigen in poadium, Nina Weijers en Myron Hamming bygelyks. Al wie de gemiddelde âldens fan it publyk dochs relatyf heech. "De grijze kopjes domineren het beeld wel een beetje", fernaam ek Van Santen. "Dat zijn ook wel de mensen die de tijd hebben om te lezen. Wij moeten kinderen opvoeden, carriere maken, misschien moeten we dat wel iets minder gaan doen."
Spoken word-artyst Myran Hamming © Simone Scheffer, Omrop Fryslân
Om jongerein mear by literatuer te belûken, waard dêrom in pear dagen derfoar de earste edysje fan it Jeugd Literair Festival organisearre, dêr kamen 160 jongerein op ôf fan skoalle RSG Simon Vestdijk.

Untsnapping

It gefoel dat by de besikers it measte oerhearsket wannear't je it hawwe oer lêzen, is it ûntsnappen út de hjoeddeistige wrâld. Sa klonk it: "It is in stik ûntspanning, je krije nije ynsichten", en: "Ik lês somtiden om de realiteit te ferklearjen, mar soms ek even om der út te stappen of der in oar byld fan te foarmjen.
Van Santen sels soe net goed libje kinne sûnder te lêzen, jout sy oan: "Door te lezen ben ik heel veel dingen uit mijn eigen bestaantje kwijt en beleef ik grote avonturen of kleine verdrietjes die ik zelf niet kan beleven", maar wel in boeken. Het is een ontsnapping, het is een troost."
"Het geeft zoveel meer ontspanning dan op Instagram scrollen. Je moet je wel inspannen als je leest, maar die concentratie, dat geeft nieuwe energie, dat merk ik keer op keer."