Ynwenners fan gemeente Hearrenfean binne no ris sels ûnderwerp fan in útstalling

© Omrop Fryslân
Net grutte generaals, ferneamden of topsporters mar 'gewoane minsken' binne it ûnderwerp fan in nije tentoanstelling op It Hearrenfean. Ynwenners koene harren buorfrou, broer of kollega nominearje en 34 fan harren hingje no yn it Museum Heerenveen.
De útstalling waard freed feestlik iepene en de portrettearden koenen harren sels hingjen sjen yn in echt museum. It idee achter de útstalling is om in byld te sketsen fan de ynwenners fan It Hearrenfean.
'Gewoane minsken' binne ûnderwerp fan in nije tentoanstelling yn it Museum Heerenveen
"Wy wiene ek benijd wa't no de ûnbekende minsken binne. It Hearrenfean is folle mear as in sportstêd en wat dizze minsken bynt is dat sy It Hearrenfean as thús sjogge", seit konservator Femke Knoop.

Diversiteit

De foto's dy't útstald binne, kinne makke wêze troch in profesjonele fotograaf mar ek gewoan troch in famyljelid of freon. Nei in oprop yn de gemeente troch ûnder oare flyers en sosjale media binne der 60 foto's ynstjoerd. Dêr is in seleksje fan makke.
Guon foto's koenen net meinaam wurde om't de kwaliteit net goed genôch wie om sy moai út te printsjen. Fierder is der besocht mei de útstalling de diversiteit fan Hearrenfean sjen te litten.

Fariaasje yn beuzichheden

"Wy hawwe dus keazen om yn it úterlik fan minsken safolle mooglik fariaasje te finen, mar ek om yn de beuzichheden dy fariaasje werom komme te litten", seit Knoop.
Sa binne der Feansters fan jong oant âld, mei ferskate hûdskleuren en yn ferskillende situaasjes te bewûnderjen. Eigenaresse fan kafee 'T Kannet, stiet bekend as 'Beppe Beest' op It Hearrenfean en stiet op de foto yn har kroech drok te wurkjen. Op in oare foto is in man te sjen dy't fanatyk oan it iisswimmen is.
De útstalling is noch oant 1 oktober te sjen.