Sjoch hjir de fierljepwedstriid op It Heidenskip werom

De bêste fierljeppers fan Fryslân en Hollân binne ek dit jier wer live te folgjen by Omrop Fryslân. De earste fan yn totaal fiif livestreams komt jûn út It Heidenskip wei. De útstjoering set útein om 19.00 oere en we binne der by oant en mei de finales.
Om 21.30 oere binne alle kampioenen bekend. Folgje foar de neipetearen ek ús webside. It kommentaar by de livestream komt fan âld-topljepper Bart Helmholt en sportferslachjouwer Freark Wijma..