Foarstelling TERECHT op Oerol: hawwe dieder en slachtoffer mekoar nêdich?

Wa't út it kriminele miljeu stappe wol, wurdt bedrige © Nichon Glerum
Op it Oerolfestival spilet dizze wike de foarstelling TERECHT, dy't giet oer ús strafrjochtsysteem. Eks-detinearde Sherwin seit nei ôfrin: "Er zijn mensen die geloven in verandering. Ik hoop dat de voorstelling de deuren opent hierover met elkaar in gesprek te gaan."
Sherwin fertelt syn ferhaal nei ôfrin fan de foarstelling oan it publyk. It is dan mûsstil yn de Sint Brandanustsjerke op Midslân. Ja, hy is ien fan dy minsken dy't fêst sitten hat. Yn Nederlân hat 1 op de 25 mannen fêst sitten of is yn oanrekking west mei plysje, sa seit er. Dan is it nuver dat gjinien in eks-detinearde kin.

Krimineel miljeu

Sherwin is ek ien fan de minsken dêr't regisseur en artistyk lieder Maarten Smit fan Wabi Sabi mei praat hat. Hjir yn it noarden hat Maarten ferskate petearen hân mei minsken oer it strafrjochtsysteem. Fan finzenisdirekteuren oant slachtoffers.
Tegearre mei Wessel de Vries, dy't ek Under Wetter skreau foar Tryater, hat er hjir tekst oan jûn. De foarstelling komt net sa seer mei in antwurd, mar lit mear sjen hoe yngewikkeld it is. Want, sa fertelt Smit, de kar om yn dat kriminele miljeu te kommen wie faak al makke op de leeftiid fan 9 of 10 jier, sa hearde hy fan ferskate detinearden.
Oerol dei 2: TERECHT, hoe sit it mei ús strafrjocht?
Smit fynt dat net te begripen. Hy hat sels in dochter fan 10 en kin him dat net foarstelle. Mar minsken heakje faak ôf yn it systeem. Krije it gefoel nearne by te hearen, dat der toch gjin ien echt lústerje wol en dat it neat útmakket wat se dogge.
Dan helpe strangere straffen net. Ek al is dy fraach der wol fanút de maatskippij. De rop om kontrôle. Rjochters fertelden him dat se hegere straffen oplizze no, ek al is de wet net feroare.

Plak foar elkenien

Yn it stik krûpe trije akteurs yn de rol fan rjochter, dieder en slachtoffer. Mei live muzyk en dûns besiket TERECHT foaral de minsklike kant sjen te litten. Wat as je as bern grut wurde mei geweld? Dat it hiel gewoan is om te sjen dat minsken yn mekoar slein wurde? Dat it ek lekker is om jild te hawwen om alles keapje te kinnen, dat je oansjen hawwe, dat minsken je respekteare.
Yn de ûnderwrâld is plak foar elkenien © Nichon Glerum
Yn it stik fertelt de finzenisdirekteur dat mei in lytse hanneling, as it op slot draaien fan de doar, je dêrnei in hiel lange tiid dwaande binne mei de gefolgen fan dy hanneling. It publyk sjocht ek dat der gjin opfang is foar de detinearde dy't, neidat er fry litten is, net oan in wenning komme kin omdat er gjin útkearing krijt omdat er gjin wenning hat.
Yn de ûnderwrâld is plak foar elkenien, dat soe der yn de boppewrâld ek wêze moatte.

Dieder en slachtoffer

Yn TERECHT is der ek in moeting tusken dieder en slachtoffer. It slachtoffer wol graach dat de dieder har yn de eagen sjocht. Dat momint soarget foar in stik befrijing tusken beide. Ek al ferliest se wol kontakt mei har famylje dy't mar net begripe kin dat se mei de moardner fan har broer prate wol.
Sherwin fertelt syn ferhaal nei ôfrin oan it publyk © Nichon Glerum
Wat Sherwin foaral holpen hat is dy iene persoan dy't net allinne leaude yn Sherwin, mar dêr ek nei hannele. Dat fertelt hy it publyk. Troch syn wurkjouwer is it Sherwin slagge om út de kriminele wrâld te stappen, alle lilkens en teloarstelling achter him te litten en yn him sels te leauwen.
It Oerolpublyk stapt wer op de fyts mei de holle fol saken om oer nei te tinken.
© -
Wabi Sabi betsjut yn it Japansk de pracht fan ymperfeksje. Maarten Smit is berne yn Grins, is akteur en teätermakker en rjochte yn 2019 Wabi Sabi op om sa foarstellings te meitsjen oer maatskiplike ymperfeksjes. Mei in mjuks fan sirkus, dûns, live muzyk en dokumintêretekst. Ferskate ûnderfiningssaakkundigen wurde ynterviewd.
Ferline jier wie op Oerol de foarstelling 'Hier valt niets te halen' te sjen. Dy gie oer earmoed. Ek hjir fertelde nei ôfrin ien fan de ynterviewden oer wat libjen yn earmoed mei har dien hie. Maarten Smit wol mei dizze foarm fan teäter urginte maatskiplike tema's besprekber meitsje.