WEROMBLIK: Wat barde der 25 jier lyn op Oerol?

Yn 1998 wie de sechstjinde edysje fan it Oerol-festival op it eilân Skylge. It festival hat dan in grutte groei trochmakke. Oerol begûn as alternatyf festival yn de jierren tachtich, mar groeide yn de jierren dêrnei út ta in gigantysk barren mei tsientûzenen besikers. Der kamen yn 1998 goed 35.000 Oerolgongers nei Skylge.
Dat jier is it foar de besiker noch even wenne oan de profesjonelere oanpak. Festivalgongers moatte foarstellingen mear planne en langer yn de rige stean foar in kaartsje. Neffens direkteur Joop Mulder is dat mei it gefolch fan it entûsjasme fan de besikers. Yn stee fan ien of twa foarstellingen wolle minsken der no wol seis meipakke.
Oerol 1998 is grutskaliger fan opset en it festival kriget dêrmei in oare sfear as yn de earste jierren:
Yn 1995 is it 'schuurtjestheater' yntrodusearre op Oerol. Dat binne foarstellingen yn skuorkes dêr't teätermakkers yn koarte tiid in stik meitsje mei de middels dy't op it plak sels beskikber binne. Joop Mulder wol Oerol dêrmei as teäterwurkpleats delsette, in plak dêr't keunstners eksperimintearje en harren ûntwikkelje kinne.
Omrop Fryslân folge net allinnich de artysten, mar ek de minsken achter de skermen fan de organisaasje. Dy moatte fleksibel en praktysk allegear soarten problemen oplosse kinne, lykas last-minute foar attributen foar in foarstelling soargje.
Net allinnich op it poadium, mar ek derachter is it hurd wurkjen. In ympresje:
Strjitteater hat altyd in grut part fan de Oerol-belibbing útmakke. As it net slagget om in kaartsje foar in foarstelling te bemachtigjen, dan is der noch altyd genôch te belibjen op strjitte. It is ek de keunstfoarm dêr't it festival mei begûn is. Mar somtiden is it net altyd like dúdlik wat no in act is en wat net.
Betizing by de besikers: "Dit is de performance?"