Liveblog | 11 juny 2023

Steenbergen opnij suksesfol op NK swimmen | Winst foar partoeren Steenstra en Van Popta

Yn dit liveblog folgje we de Fryske sport fan dit wykein.

Lêst bywurke: 11 juny 2023, 20:26
snein 11 juny 2023
20:26

Follyballers ferlieze fan Argentinië

It Nederlânsk follybalteam mei de Fries Bennie Tuinstra hat de Nations League-wedstriid tsjin Argentinië mei 3-2 ferlern. Nederlân pakte de earste set. Dêrnei kaam Argentinië op 2-1, mar Nederlân kapitulearre noch net. Nei de 2-2 wie it bêste derôf by Nederlân. De beslissende set waard mei 15-10 ferlern.
20:22

Europeesk fuotbal foar Vlap, Diemers degradearre

Foar SC Cambuur en sc Hearrenfean sit it fuotbalseizoen der al in skoftke op. Dochs kamen der hjoed noch in pear Fryske proffuotballers yn aksje.
Michel Vlap fan Snits stelde mei syn ploech FC Twente Europeesk fuotbal feilich troch mei 1-0 te winnen foar Sparta Rotterdam.
Ljouwerter Mark Diemers sil bot teloarsteld wêze. Om't syn ploech FC Emmen ferlear fan Almere City FC binne sy degradearre út de earedivyzje.
20:16

Hartthijs de Vries meast striidlustich by ZLM Tour

Hurdfytser Hartthijs de Vries fan Kollum is útroppen ta de meast striidlustige fytser fan de ZLM Tour, dat is in hurdfytswedstriid fan meardere dagen dy't ôfrûne wike holden waard yn Nederlân.
De Vries, dy't útkomt foar TdT-Unibet, die ôfrûne moanne pas wer foar it earst mei oan in koers, nei't er by in trainingsrit yn Spanje slim ferwûne rekke.
17:24

LDODK wint lêste reguliere kompetysjewedstriid

LDODK hat yn de eareklasse fan it fjildkuorbal AKC Blauw-Wit mei 24-19 ferslein.
It wie de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje. LDODK is op it twadde plak einige yn pûl A fan de eareklasse. It mei dêrtroch meidwaan oan de krúsfinales foar de lânstitel.
17:19

Ek 50 meter frije slach proai foar Steenbergen

Marrit Steenbergen pakt it iene nei it oare earste plak by it NK swimmen yn Eindhoven. Ek op de 50 meter frije slach is de swimster fan Easterwâlde de bêste. Se finishste yn in tiid fan 24,82. Nûmer twa Milou van Wijk kaam net fierder as 25,10.
17:00

Partoeren Steenstra en Van Popta winne

Der waard hjoed keatst yn Stiens en Grou. De manlju hienen in frijeformaasjepartij yn Stiens. Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar kamen as winner út de bus. By de froulju wie de oerwinning foar Aletta van Popta, Jeska Terpstra en Gerde Lycklama à Nijeholt.