Bloed krûpt dêr't it net gean kin: assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra wol nei EK 2024

Erwin Zeinstra © Orange Pictures
Trije kear stie Erwin Zeinstra as assistint-skiedsrjochter op it Europeesk kampioenskip fuotbal. As it oan de Rypster leit, komt der in fjirde kear by.
Zeinstra syn karriêre like yn wat rêstiger farwetter te kommen, nei it EK yn 2021. Doe hâlde skiedsrjochter Björn Kuipers, dêr't Zeinstra altyd mei op paad wie, der mei op. Zeinstra gie wol troch en soe benammen jongere kollega's begeliede en syn ûnderfining oerbringe.
We binne no hast twa jier letter as Zeinstra fan Argentinië út syn ferhaal docht. Dêr is hy hast in moanne lyn nei ta flein mei skiedsrjochter Serdar Gözübüyük, assistint-skiedsrjochter Johan Balder en fideoskiedsrjochter Dennis Higler.
Ik soe it wat rêstiger oan dwaan, mar ast it sa besjochst is it net echt slagge.
Erwin Zeinstra
Se hawwe trije wedstriden liede mochten op it wrâldkampioenskip ûnder de 20 jier. It begûn mei Senegal-Japan en Brazilië-Nigeria yn de groepsfaze. Yn de kwartfinale die 'Team-Gözübüyük' Feriene Steaten tsjin Uruguay.
Tiisdeitemoarn komme se wer oan op Schiphol. In soad tiid om by te kommen is der net. Snein stapt Zeinstra wer yn it fleantúch nei Roemenië. Dêr flagget er de kommende wiken by it Europeesk kampioenskip ûnder de 21 jier.
"Ik soe it wat rêstiger oan dwaan, mar ast it sa besjochst is it net echt slagge", seit Zeinstra fanút de Argentynske haadstêd Buenos Aires. "Ik bin yn twa moannen totaal fiif dagen thús." Mei tank oan it thúsfront en syn wurkjouwer is dat mooglik.
Erwin Zeinstra mei links fan him skiedsrjochter Serdar Gözübüyük © Orange Pictures
Oan de begjin fan dit jier kaam Zeinstra by it team fan Gözübüyük. "Hy wie útkeazen om nei it WK ûnder 20 jier te gean en dan gean ik automatysk mei him mei. Dat is de reden dat ik no dochs wer soksoarte toernoaien doch", seit Zeinstra dêroer.
It EK ûnder 21 jier docht er mei skiedsrjochter Allard Lindhout. Dêr wie er foarich jier, foardat Zeinstra yn it neijier blessearre rekke, faak mei op paad. "Dat hat er al hiel betiid frege, al foar dat dit WK ûnder 20 spile. It slút moai op inoar oan." En dus sille se nije wike nei Roemenië.

"Argentinië azemet fuotbal"

No sit Zeinstra noch yn Argentinië. Se wiene yn de race foar de finale fan it jeugd-WK, mar dat giet nei in oar skiedsrjochtersteam. Dêrtroch bliuwt it foar harren by trije potsjes. Dy giene neffens Zeinstra goed. "Wy bin dik en dik tefreden hoe't it oant no ta gien is."
In WK ûnder 20 is net te fergelykjen mei in 'grut' WK. Der komt folle minder publyk op ôf, media besteegje der minder omtinken oan en dus soene je sizze dat it hiel oars is. Mar, sa seit Zeinstra. "Sa'n toernoai wurdt troch de FIFA benadere as in echt WK."
Zeinstra sjocht om him hinne hoe grut fuotbal is yn Argentinië, it lân dat oan de hân fan Lionel Messi wrâldkampioen waard. "Wy traine op it trainingskompleks fan Boca Juniors. It is prachtich dêr te wezen, dat is in klup mei faam en histoarje. Fernimst datst yn in lân sitst dat fuotbal azemet."
Senegal tsjin Japan wie ien fan de duels dêr't Zeinstra flagge op it WK ûnder 20 © ANP
As it oan de 46-jierrige assistint-skiedsrjochter leit, is dizze simmer net syn lêste mei ynternasjonale toernoaien. It Europeesk kampioenskip fan folgjend jier yn Dútslân is syn folgjende stip op de hoarizon. It soe nei 2012, 2016 en 2021 syn fjirde EK wurde.

Trije Friezen op it EK?

"Serdar syn doel is om folgjend jier nei it EK te gean", fertelt Zeinstra oer Gözübüyük. "Dêr wol ik him mei helpe om dat foarinoar te krijen. En dat we úteinlik, krekt as yn 2021, mei twa Nederlânske skiedsrjochters nei it EK ta gean."
Skiedsrjochter Danny Makkelie liket mei syn twa Fryske assistinten Hessel Steegstra en Jan de Vries wol wis fan it EK, as der neat geks bart.
En dan soe it dus samar sa wêze kinne dat Zeinstra folgjend jier op 'e nij de tredde Fryske assistint is op it EK. "Ik bin leafhawwer en genietsje noch altyd fan it spultsje."