Resinsje fan Wat bisto leaflik: "In biografy foar Waling Dijkstra!"

De pet ôf foar Spannum! It doarpke is deryn slagge en bringt mei 'Wat bisto leaflik' in hearlik iepenloftspul oer de Fryske skriuwer Waling Dijkstra op de planken. Lardearre mei muzyk fan in treflik spyljend korps Oranje.
Mar wêrom sa lang? En dat ek noch yn de glûpende kjeld. Guon sênes hiene wol koarter kind. Mear is net altyd better.
It publyk krijt oars wol waar foar syn jild, dat is wier. Dat begjint al foar de foarstelling as de besikers op in saneamde 'Passy Pôle' in bytsje yn de stimming komme kinne. Op in soarte fan festivalterrein kinne de minsken yn 'e kunde komme mei de passys fan Waling Dijkstra. En dat wiene der nochal wat.
Njonken it skriuwen en dichtsjen hold hy bygelyks ek fan skilderjen en muzyk. It publyk kin sels oan 'e slach. Mei siswizen bygelyks, sa as Waling Dijkstra dy ea sammele foar publikaasje: 'pikerje net, it komt dochs oars'. De Tigers fan Greonterp spylje ûnderhâldend yn in noflik sintsje wat sêfter en dimmen as oars.
Jubileum
Spannum makket graach gebrûk fan it feit dat Waling yn 1821 yn it doarpke berne is. Nei in eardere simmermoarnrintocht, in boerebrulloft en in gedichtenrûte wie dit kear lykwols de kristlike muzykferiening Oranje de oanlieding fan in echt iepenloftspul oer de grûnlizzer fan de Fryske toanielkultuer. It korps bestiet 125 jier dus dat moat fierd wurde.

Skriuwer Dick Jansen en regisseur Tineke Broers waarden oanlutsen om dy foarstelling op poaten te setten. Fansels dat de muzyk dêryn in wichtich oandiel hawwe moast. Dat is slagge. Jansen en Broers ha beiden knap wurk levere, de komposysjes fan dirigint Thom Zigterman twinge bewûndering ôf. Se begeliede net allinnich de ferskate spylsênes op it toaniel, mar tille dy no en dan gewoan nei in heger nivo.
Zigterman hat him dêrby ynspirearje litten troch it liet Simmermoarn dat Waling Dijkstra syn grutte faam besoarge hat. It waard de titel fan de foarstelling: 'wat bisto leaflik. En it publyk sjongt dan graach mei: "rizende simmermoarn! Want it hoantsje kraait kûkelû, en it doke ropt rûkûkû." Moai.
Kompleks
It moat in hiele put west ha foar Jansen om fan alle yngrediënten út it komplekse libben fan Waling Dykstra in hapkleare teäterfoarm te meitsjen. Der falt nammentlik nochal wat te fertellen.
Gean mar nei. As bakkerssoan yn Spannum waard er nei pake yn Froubuorren stjoerd om it fak te learen. De doarpsbern hiene wakker de gek mei dy rare stúthaspel, dy't leaver yn in hoekje te skriuwen siet, dan dat er mei harren boartsje woe. Waling fielde him fernedere. Bedobbe syn emoasjes en soe nea wer gûle.

Doe't syn heit al rillegau ferstoar moat hy mei syn mem de bakkerij yn Spannum draaiende hâlde. Mar Waling wol gjin bakker wêze, mar skriuwer. It komt op de kop ferkeard. Mem en soan begripe mekoar net mear. De ynwenners fan Spannum kinne him wol spuie. Dy ferheven poëet op syn ivoaren toer, dy't him krekt wat better fielt as de oaren.
Libje fan it skriuwen
Mar Dijkstra set troch. Sels as hy syn earste frou en letter ek noch syn bern ferlieze moat. Mei syn skriuwersfreon Tsjibbe Gearts van der Meulen set hy útein mei de earste Fryske toanielstikken en de ferneamde Winterjûnenocht-jûnen.
De literêre foardrachten wêrmei't doe al mear as 100.000 minsken yn 'e kunde brocht waarden mei de Frysktalige kultuer. It waard in sukses. Ek finansjeel. Waling waard de earste Fryske skriuwer dy't fan syn pinne libje koe.

Jansen hat dat hiele libbensferhaal op 'e planken bringe wollen. Mei de fokus op syn jierren yn Spannum. As in komplete biografy dy't yn werklikheid nea oer Dijkstra ferskynd is.
Sa fertrout de âlde Waling, in bytsje stiif spile troch Jaap Jan Hemmes, it publyk ommers sels ta. Dat docht hy út de himel wei, dêr't hy nei syn dea yn petear mei syn goede freon Tjibbe Gearts, syn libben op ierde oereaget. In tûke fynst fan Jansen om al dy ferskate sênes dy't it publyk foar eagen krijt, oan mekoar prate te litten.
Genot
Mar boppedat in moaie gelegenheid om dy oare alwittende ferteller te yntrodusearjen. Hantsje Pik, in alterego fan de skriuwer dy't hy yn ien fan syn boeken sels ta libben roppen hat. Binne jo der noch?
Andre de Zee spilet dizze rol mear as trefllik. As it gewisse fan de skriuwer hâldt hy it publyk mei in hearlike iroanyske ferteltrant by de les. En foarsjocht it libbenspaad fan de jonge Walling fan snedich kommentaar. Syn hâlding nei mem en de minsken om him hinne wie net altyd like sympatyk en noflik.
Kompleminten foar Sibo Boersma dy't de rol fan dizze Waling Dijkstra spilet. De 19-jierige Boersma dy't ûnder oaren ûnderfining opdie yn de foarstelling Kibboets op de Klei, fielt him dúdlik thús op it toaniel. Wat in genot om nei te sjen. Mar ek Marian Postma bliuwt as de mem fan Waling kreas oerein, en fleant fan links nei rjochts oer it toaniel om al dy sênes yn 'e stringen te hâlden.
Aldfrinzich
It wiidweidich kommentaar fan de himel út op dit ierdske spul komt dan gauris wat âldfrinzich oer, Hielendal as de beide manlju ek nochris de sukseslieten út dy tiid begjinne te sjongen. Ien fan dy mominten dêr't it publyk net echt op te wachtsjen sit.

Dat dekôr kin oars ek besjen lije. Moai hoe't Jaap Groen bygelyks keazen hat om mei âlde foto's yn in grut fotoboek achter op it poadium de wichtichste lokaasjes út it libben fan Dijksta te ferbyldzjen. Neat gjin green- of blue screens of technysk yngewikkelde fisuele keunststikjes. Gewoan grutte foto's dy't troch Hantsje Pik mei de hân foardraaid wurde. It wurket.
Frijwilligers
Oan alles yn dizze foarstelling is in soad oandacht bestege. Fan kostúms, grime en kapwurk oant omballingen ta. Allinnich mooglik troch de meiwurking fan leafst 200 frijwilligers yn in doarpke mei 250 ynwenners. As Spannum earne de skouders ûnder set, bart der ek wat.

Ha, dêr ha we Hantsje Pik wer. Dy't it publyk der efkes op wiist dat sûnder Waling Dijkstra as grûnlizzer fan de Fryske toanielkultuer der hielendal gin iepenloftspullen west hawwe soene. Alteast net yn de foarm sa as we se no kinne.
Ek al is de iene foarstelling de oare net. Hy seit it sels. Mei grutte ferskillen yn kwaliteit, Dat is wier. Mar allegear brocht mei deselde ynset en leafde. Wat in moai ein fan in boeiende jûn. Muzyk!
Tsjok
Mar nee. Dan is it noch tiid foar de finale. Alwer mei in toanielfoefke. De sêne dy't saneamd daliks yn it begjin op it foute momint spile wurde soe, kin no werklik barre. It momint dat de bern fan Waling it tinkteken ûntbleatsje dat yn Holwert foar de skriuwer oprjochte waard.
De grutte Fryske skriuwer dy't ús út de himel wei noch witte liet dat er net begripe koe dat er eins nea in biografy oer him ferskynd is. Hawar, mei dit iepenloftspul yn Spannum hat Waling Dijkstra dan dochs dy fertsjinne biografy krigen. In boeiend boek, kompleet mei ynstutsen CD. Mar foar de reguliere lêzer krekt in bytsje te tsjok.