Johan de Jong-beam útrikt oan jong stel mei hert foar natuer

De tredde Johan de Jong-beam, de Fryske natuerpriis fan Omrop Fryslân, is sneontemoarn útrikt oan Jeroen Breidenbach (31) en Merel Zweemer (35). It stel set har mei hert en siel yn foar de natuer yn Fryslân en makket dêrmei in soad jongerein entûsjast.
Sûnder ek mar wat troch te hawwen wie Jeroen sneontemoarn mei syn freondinne Merel oan it fûgelspotten yn it Ljouwerter Bosk. Merel wie ûnderdiel fan it komplot om Jeroen te ferrassen mei de priis, mar wat sy net wist wie dat de priis ek foar har bedoeld wie. Yn it Ljouwerter Bosk waarden de twa ferrast.
De Johan de Jong-beam gie dit jier nei in jong stel út Ljouwert
"Ik heb er bijna geen woorden voor", begjint Breidenbach. "Het Leeuwarder Bos is waar ik in opgegroeid ben. Ik heb zo'n enorme drive om buiten te zijn en mensen te laten zien wat er gebeurt door berichten te plaatsen, excursies te organiseren. En hier is dat allemaal begonnen, als jonge student heb ik hier alles binnenstebuiten geplozen."
Inisjativen yn Ljouwert
Jeroen en Merel binne fanatyk yn de omkriten fan Ljouwert. Fûgeltellingen en fûgels ringje, it oersetten fan podden oer de fytspaden fan de Potmarge, nachtflinterûndersyk, belutsen by de iisfûgelmuorre foar de gemeente Ljouwert en sy binne aktyf foar de Fryske feriening foar Fjildbiology.
It stel is opjûn troch Gerrit de Jong. "Wat Jeroen en Merel bysûnder makket is dat sy in soad jongeren, studinten en buertbewenners belûke by harren aktiviteiten. Dat soarget foar sichtberens en belutsenheid en benammen yn in stêd is dat belangryk."
De sjuery
Om sjen te litten hoe wichtich de natuer is en bliuwt foar de Omrop, is der tasein alle jierren in Johan de Jong-beam te jaan oan it bêste partikuliere natuerinisjatyf fan Fryslân. Yn de sjuery sitte Houkje Rijpstra (direkteur-bestjoerder fan Omrop Fryslân), Henk de Vries (direkteur fan It Fryske Gea), Hans van der Werf (direkteur fan de Fryske Miljeufederaasje) en Jorien Bakker (ambassadeur fan natuermonuminten yn Fryslân).
De Johan de Jong-beam is in earbetoan oan biolooch Johan de Jong, dy't jierrenlang in fêste natuerrubryk hie yn it programma Op & Ut fan Omrop Fryslân.