HEA! Mei de Lanz Bulldog yn it hea

HEA! Goeie Jobbegea op it lân
Machtich moai om te sjen fine Jens en Tjibbe it. Heit Jannes de Boer hat syn âlde Lanz Bulldog-trekker foar it ljocht helle mei in âlde skodder om hea te meitsjen. De beide jonges dogge der ek wat slaggen om it fjild op. Suske Lisa mei by heit op 'e trekker meiride.
Mem Esther komt ek efkes te sjen. Sy hat lykwols mear aardichheid oan it hynder. Jannes sit yn de lânboumeganisaasje en fynt âld boere-ark prachtich. Wol gauris keapet hy wat âld guod om op te knappen en wer te brûken. De skuorre stiet al aardich fol. In âlde pakjeparse foar it hea stiet ek noch op it ferlanglistje.