FryslânDOK 'NYK': portret fan alsidich skriuwer en muzikant Nyk de Vries

Nyk de Vries mei Carsten René Nielsen © Herman Zeilstra
Nyk de Vries wurket foar syn nijste projekt 'Tagelyk' gear mei in saksofoankwartet. Filmer Herman Zeilstra folge de dichter, skriuwer en muzikant by eardere gearwurkingen mei oare keunstners yn de FryslânDOK 'NYK'. Dit wykein te sjen op NPO2 en Omrop Fryslân.
In soad fan it wurk fan Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) spilet him ôf tsjin de achtergrûn fan dêr't er opgroeide: de Fryske Wâlden. As studint stoarte hy him mei fjoer yn de muzyk (The Amp en by de band fan freon Meindert Talma) en begûn hy proaza en poëzy te skriuwen.
De Vries wennet yn Amsterdam en syn wurk ferskynt yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Syn roman 'Renger' (2016) is ek as harkspul útbrocht troch de VPRO.
Nyk de Vries © Herman Zeilstra
Nyk hâldt derfan gear te wurkjen mei oaren. Yn 2019 wie dat mei byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra yn de foarstelling 'Wâldman', oer de tsjustere kearside fan it lânskip fan syn jeugd.
En hy giet op 'blokfluitalvestêdetocht' mei it Cohda-kwartet, wat útmûnet yn in fluwielen kombinaasje fan houten ynstruminten en poëzy.
Nyk de Vries (midden) en Artvark © Henk Veenstra
Syn nijste projekt is in gearwurking mei it Nederlânske 'Artvark Saxophone Quartet'. Op Poetry International yn Rotterdam stienen de fjouwer blazers en de skriuwer foar it earst mei elkoar op it poadium. Dizze wike ferskynt it album 'Tagelyk' en dêryn komme twa wrâlden by elkoar, dy fan spoken word en muzyk. By har toernee komme se op 1 july nei boekhannel Van der Velde yn Ljouwert.
Nyk de Vries - Asman © Herman Zeilstra
As Dichter fan Fryslân (2019-2021) makke Nyk mei filmer Herman Zeilstra acht poëzyfilms. Ien dêrfan is 'Asman', ta eare fan 150 jier stedsreiniging Ljouwert. Yn de FryslânDOK binne fragminten fan dy poëzyfilms sjen.
Ek reizget makker Herman Zeilstra mei yn de trein nei Kopenhagen, dêr't Nyk optreedt mei de Deenske dichter Carsten René Nielsen.
Mei muzyk en taal, en syn ynnimmende persoanlikheid, fertelt Nyk de Vries it ferhaal fan syn dichterslibben.
FryslânDOK 'NYK' portret fan Nyk de Vries (werhelling fan 3/4 septimber 2022)
Sneon 10 juny NPO2 15.30 oere (werhelling sneins 13.25 oere)
Snein 11 juny Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele
Nyk de Vries oer de FryslânDOK