Wat Cambuurkeeper Van Osch yn syn karriêre hân hat oan Van Bommel, Jansen en Ultee

Yanick van Osch © Dijks Fotografie, Luc Hop
Ien fan de redenen wêrom't Yanick van Osch de kommende trije seizoenen by SC Cambuur keept, is syn bân mei trainer Sjors Ultee. Der binne noch twa fuotbaltrainers dy't in grutte rol spile hawwe yn syn karriêre.
Ferline wike by de presintaasje fan technysk direkteur Etiënne Reijnen by Cambuur, fertelde de nije 'td' dat de komst fan Van Osch rûn wie. De 26-jierrige doelman komt transferfrij oer fan Fortuna Sittard en tekenet yn Ljouwert in kontrakt foar trije jier.
Om't Van Osch op fakânsje wie, moasten de lêste formaliteiten noch efkes wachtsje. Dat is no regele. Freed wie Van Osch dêrfoar yn Ljouwert. Hy is bliid mei syn oerstap fan Fortuna Sittard nei Cambuur, ek al is de klup degradearre nei de earste divyzje.
Yanick van Osch wol graach wer earste keeper wêze en kiest dêrom foar Cambuur
Der binne trije Nederlânske fuotbaltrainers dêr't Van Osch in hoop oan hân hat yn syn karriêre. De Bosschenaar trochrûn de jeugdoplieding fan PSV en dêr wurke er mei Mark van Bommel.

Mark van Bommel

"Ik ken Mark al best lang", seit Van Osch oer de man dy't ôfrûne wykein as trainer kampioen waard mei it Belgyske Antwerp. "Na zijn carrière begon hij bij PSV onder-17, waar ik toen zat. En bij het eerste was hij onze trainer. Ik houd van zijn mentaliteit en hoe hij was als speler en trainer."
Ien momint springt der dêrby út foar de keeper. Dat wie yn jannewaris 2020, doe't Van Osch mei it earste alvetal op trainingskamp wie yn Qatar. Dêr skuorde er syn krúsbân ôf. Dat is in blessuere wêrby't je faak njoggen oant tolve moannen fan refalidearje moatte.
"Mark belde meteen of ik naar zijn hotelkamer kon komen. Mijn contract bij PSV liep af, maar ik had nog wel een optie erin", wit Van Osch noch.
Yanick van Osch yn syn tiid by PSV © Orange Pictures
Op dy hotelkeamer stelde Van Bommel him gerêst. "Hij had nog niet eens met John de Jong (de technysk direkteur, red.) overlegd en hij zei: we gaan jouw contract verlengen. De volgende dag kwam De Jong naar me toe en hij zei me dat ik me geen zorgen hoefde te maken."
It foarfal is trijenheal jier lyn, mar dat Van Bommel syn hannen foar him yn it fjoer stuts, hat grutte yndruk makke op Van Osch. "Daarvoor ben ik hem eeuwig dankbaar. Daardoor is mijn carrière niet in het slop geraakt en heb ik daarna de stap naar Fortuna Sittard kunnen maken."

Pascal Jansen

In oar dêr't Van Osch yn Eindhoven mei gearwurke, is Pascal Jansen, dy't no trainer is by AZ. "Ik heb hem lang gehad in de jeugd van PSV en daarna bij Jong PSV." Tusken 2015 en 2017 wie Jansen trainer fan de Eindhovense beloften.
"Hij heeft mij meer volwassen gemaakt", wit Van Osch. "Hij is een op-en-top professional met zijn persoonlijkheid. Ik vind het mooi om te zien dat hij het zo goed doet bij AZ. Ik hoop voor hem dat hij nog mooie stappen gaat zetten."
Yanick van Osch praat by mei syn âld-trainer Pascal Jansen © Orange Pictures
It binne moaie nammen dêr't Van Osch ûnder traind hat. In logysk gefolch fan syn tiid yn Eindhoven, seit er. "Als je bij PSV zit, is het niet zo gek dat je langs Ruud van Nistelrooij, Phillip Cocu of Van Bommel loopt. Dat zijn momenten die je altijd bijblijven."

Sjors Ultee

En dan is der fansels noch Cambuurtrainer Sjors Ultee. Hy is ien fan de redenen wêrom't Van Osch no nei Ljouwert komt. "Sjors is heel belangrijk voor mij geweest bij Fortuna. Hij had het vertrouwen in mij, waardoor ik twee seizoenen in de Eredivisie heb gespeeld."
Oan de begjin fan it ôfrûne seizoen waard Ultee ûntslein yn Sittard. Dat betsjutte fuortendaliks ek de ein fan Van Osch as earste doelman. Want de nije trainer keas yn 'e goal foar de Kroäat Ivor Pandur.
Ik vond het te makkelijk dat ze hem eruit hebben gegooid, dat heb ik intern ook gezegd.
Yanick van Osch makke mei dat Sjors Ultee dien krige by Fortuna Sittard
Ien fan de redenen dat Ultee dien krige, wie om't er fêsthâlde oan Van Osch as earste keeper. "Hij zag geen reden mij eruit te halen, omdat ik het prima deed." De Turkske eigeners hiene in foarkar foar Pandur, mar Ultee keas foar Van Osch.
Nei trije nederlagen yn de earste trije wedstriden, tsjin Ajax, FC Twente en Cambuur, moast Ultee it fjild romje yn Sittard. "Ik vond het te makkelijk dat ze hem eruit hebben gegooid, dat heb ik intern ook gezegd. Ik heb een fantastische tijd gehad daar, maar dat is wel een klein smetje."

Noch ien keeper

Njonken Van Osch komt ek Tyrick Bodak nei Cambuur. De 21-jierrige keeper hat yn de einfaze fan it ôfrûne seizoen in oantal kearen meitraind mei it earste alvetal. Hy slút oan by de beloften.
Dat betsjut dat de klup noch ien doelman siket foar de earste seleksje. Yn prinsipe sil Van Osch de earste doelman wurde. De noch te heljen goalie moat dan de konkurrinsjestriid mei de 21-jierrige Warkumer Brett Minnema oangean foar it plak fan twadde keeper.