Ald-Laweidirekteur Thom van der Goot (76) ferstoarn

Thom van der Goot op argyfbyld © Omrop Fryslân
Ald-direkteur fan Tryater en De Lawei Thom van der Goot is ôfrûne moandei yn de âldens fan 76 jier ferstoarn. Van der Goot wie in markant figuer yn de kulturele wrâld.
Van der Goot waard berne yn Amsterdam. Yn 1976 luts er, nei syn oplieding ta Dramadosint nei it Noarden. Yn Fryslân wie er earst konsulint foar it amateurtoaniel. Dêrnei waard er artistyk en algemien direkteur by toanielselskip Tryater.
Fan 1986 oant 1998 wie hy de baas fan teäter De Lawei yn Drachten. Dêrnei wie er aktyf yn Grinslân. Van der Goot wie fan betinken dat keunst begûn by de keunstner en net by de winsken fan de massa.
Van der Goot wie oant 2011 lid fan de kommisje poadiumkeunsten fan de Ried foar Kultuer. Hy hat ek trije edysjes de foarsitter fan it Frysk festival west. Dêrnjonken wie er foarsitter fan de gearwurkjende Noardlike skouboarchdirekteuren.