Liveblog | 10 juny 2023

112-nijs fan sneon 10 juny : 29-jierrige frou ferstoarn by ûngelok Wytmarsum

Yn dit liveblog hâlde we dy hjoed op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 10 juny 2023, 21:10
21:10

Treinen ride wer tusken Ljouwert en Akkrum

Yntusken ride der wer treinen tusken Ljouwert en Akkrum. De problemen mei de spoarbrêge binne dêrmei dien.
18:01

Gjin treinen tusken Meppel en Ljouwert

Der ride op dit stuit gjin treinen tusken Meppel en Ljouwert. Dit komt troch in stikkene spoarbrêge. De ferwachting is dat de problemen oant 19.45 oere oanhâlde sille.
12:04

Mishanneling yn Tytsjerk, frou oanfallen troch meardere famkes

De plysje docht ûndersyk nei in mishanneling yn de nacht fan freed op sneon dy 't om 00.45 oere hinne barde op de Simmerdyk yn Tytsjerk.
In frou waard dêr troch meardere famkes oanfallen en rûn ferwûningen oan har gesicht op. Sy moast foar behanneling nei it sikehûs.
Ien fertochte koe fannacht oanhâlden wurde. It giet om in minderjierrich famke út Hurdegaryp. Wat krekt bard is, is noch net dúdlik. Hjir docht de plysje ûndersyk nei.
De plysje is noch op syk nei yn alle gefallen twa oare fertochten en dêrnjonken nei tsjûgen. Yn it bysûnder nei in man dy't nei it ynsidint de frou holpen hat. De plysje komt graach mei him yn kontakt om't er mooglik wichtige ynformaasje oer it ynsidint hawwe kin.
10:08

Persoan belutsen by slim ûngelok yn Wytmarsum is ferstoarn

De ynsittende dy't fannacht belutsen wie by in slim ûngelok yn Wytmarsum is ferstoarn, dat meldt de plysje. It giet om in 29-jierrige frou út Súdwest-Fryslân. De plysje ûndersiket noch hoe't it ûngelok barre koe.
07:17

Slim ferwûne persoan by iensidich ûngelok Wytmarsum

In auto is by Wytmarsum yn de sleat rekke. Ien ynsittende is slim ferwûne rekke. It ûngelok barde op de Rijpenderlaan rûn 01.45 oere fannacht. De brânwacht en it Mobyl Medysk Team (MMT) binne te plak kaam. De plysje sil ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan it ûngelok.