Drokte yn de hoareka troch simmerwaar, soargen oer personielskrapte

Drokte op it terras © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Temperatueren fan 27 graden en in soad sinne binne de kommende dagen it byld yn Fryslân. Topdrokte foar de hoareka, mar der bliuwe ek soargen oer de personielskrapte.
Op De Lemmer fernimme de restaurants dat it drok wurdt. "Mar dat mocht fansels ek wol wer", seit restauranteigener Auke van der Heide. "Wy ha de tiden fan corona oerlibbe en dus kinne wy no wer foarút."
It terras fan restaurant yn it sintrum fan it doarp sit fol. "Dit kinne wy mei ús personiel oan", seit Van der Heide. "Mar wy ha dêrfoar ek wol oanpassings dien. Sa litte wy de lunch benammen foar wat it is en gean wy pas om 17.00 oere iepen. Sa hawwe je minder oeren en kinne je it personiel better spriede. Yn maaie hawwe wy noch in dei yn de wike ticht west, mar dat wolle wy no net. It moat no fertsjinne wurde."
It is waarm yn Fryslân
By de buorlju op it strân fernimme sy ek dat de personielskrapte in puzel is. "Wy bliuwe op de moandei noch ticht", seit eigener fan it strânpaviljoen René Engwerda. "It is no moai waar en dan moat der fansels in soad wurke wurde. Ik wol myn personiel net te folle belêste en dus moat der earne ek in dei rêst wêze. Dy pakke wy op moandei. Sels mei dit moaie waar."

Takomst fan de hoareka

De puzel fan de personielskrapte spilet by in protte hoarekasaken yn Fryslân. De provinsjale polityk is yntusken dwaande mei it yn kaart bringen fan de Fryske hoareka. Sy wolle sjen hoe't de hoareka takomstbestindich te krijen is.
"Maar dan kijken we wel verder dan alleen personielskrapte," seit skiedend-deputearre Avine Fokkens. "Je kijkt ook naar de vraag van de consument en hoe het aanbod nu is. Hoe kun je als restaurants verduurzamen en hoe zorg je voor een rendabele bedrijfsvoering? Al is de arbeidsmarkt wel een belangrijk onderdeel, want daar valt of staat alles bij."

In blik mei personiel

Neffens restauranteigener Van der Heide soe it ferlingjen fan it seizoen in opsje wêze kinne. "Lit de brêge mar in moanne langer iepen. Dan kinne je it personiel ek mear en langer wurk biede en wurdt it wat oantrekliker om yn de hoareka te wurkjen. In oare oplossing is dreech te finen. Wy wolle allegear wol in blik mei personiel iepenlûke, mar sa simpel is it net."