Sinneskynwaar en drûge grûn: boeren en túnkers binne drok oan it bewetterjen

© Omrop Fryslân
Bouboeren en túnkers binne der drok mei: sproeie. De hege temperatueren, wyn en it sinneskynwaar hawwe der nei de wiete maaitiid foar soarge dat de boppeste laach grûn spikerhurd wurden is. Sipels, ierappels en mais rinne achter en de grûn hat ekstra wetter nedich.
Der is gjin túnklau yn de grûn fan folkstún 'Griene Leane' yn Stiens te krijen. Tjitske ten Broek rint mei jitters nei de sleat om wetter op te heljen foar har túntsje. "It is in kwestje fan earst wetter jaan om de grûn wat losser te meitsjen en dan hoopje dat it der wat ynlûkt", seit se.
Ten Broek giet alle dagen by de tún del om alles te bewetterjen. Mar op guon mominten sjocht se dêr wol wat tsjinop. "Ik wol gewoan wat siedzje, mar ik moat earst wer wetter jaan en dat kostet mear tiid en mear wurk."
Bouboeren en túnkers ha it drok mei de drûchte
Teun de Jong is bouboer yn Sint Anne en foarsitter fan de Nederlandse Akkerbouw Vakbond. Hy sjocht dat syn sipelplantsjes in hiel stik lytser binne as gewoanwei. It waar is neffens De Jong yn ien kear omslein fan wiet nei drûch.
"Dat binne omstannichheden wêrtroch't dy plant him hiel stadich ûntwikkele hat. We ha dat op dizze ikker efkes wat holpen troch te bereinen en dêrnei is de grûn boppeyn de toplaach wer moai fochthâldend. Dan hoopje we dat we dy de efterstân wer wat ynhelje kinne", seit De Jong.

Legere opbringsten

Hy tinkt dat de opbringst fan sipels en ierappels samar in tredde minder wêze kin. "Dat kin him fertale yn in mindere kwaliteit, mar dat hoopje we foar te kommen. Mar it hâldt ek yn dat de konsumint miskien mear betelje moat."
De tiid en it waar sil útwize moatte hoe't de gewaaksen harren fierder ûntwikkelje sille.